Hûnderten fans stypje Hearrenfean, Cambuur én Henk de Jong foar derby

Hûnderten supporters fan SC Cambuur en sc Hearrenfean hawwe sneontemoarn de seleksjes fan harren favorite klups op skerp set mei fjoerwurk en sjongkoaren. De Fryske earedivizjyklups treffe inoar snein om 12.15 oere yn it Cambuurstadion foar it earst yn fiif jier.
Supporters mei fjoerwurk by it Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
De supporters fan Cambuur waarden ferrast troch de oanwêzichheid fan trainer Henk de Jong. Hy is op it stuit net aktyf fanwege sûnensproblemen, mar wie wol nei Ljouwert ta kaam om de fans en seleksje noch ta te sprekken.
De ferrassingsbesite fan Henk de Jong oan de fans en seleksje:
By it Abe Lenstra Stadion hiene likernôch 300 supporters harren sammele om harren stipe oer te bringen oan sc Hearrenfean. Nei ôfrin fan de supportersaksje trainde de seleksje ûntspannen yn it stadion.

Trainer Johnny Jansen kin snein beskikke oer Milan van Ewijk en Nicolas Madsen, dy't mei lichte klachten út it bekerduel mei De Treffers kamen. Lucas Woudenberg wie fanwege tryste famylje-omstannichheden net by de lêste training.
Ald-Cambuurspiler Milan van Ewijk naam de mikrofoan yn hannen:
Op de wedstriiddei is der in ekstra radioprogramma fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere mei yntegraal ferslach fan de derby en analyzes fan âld-spilers Joey van den Berg en Sandor van der Heide.