Sportklup Hearrenfean mist mooglik twa basisspilers yn Fryske derby

Sc Hearrenfean kin yn de Fryske derby tsjin SC Cambuur mooglik net beskikke oer rjochterferdigener Milan van Ewijk en middenfjilder Nicolas Madsen. Sy ha lichte blessueres oerholden oan it bekerduel mei De Treffers (2-0).
We seagen by de trainings fan Cambuur en Hearrenfean
Beide ploegen spilen tongersdei noch foar de beker, dus hawwe de teams koart de tiid om harren ta te rieden op it duel fan snein. It is in kwestje fan in bytsje útrinne en de spieren soepel hâlde. Hearrenfean-trainer Johnny Jansen kin mooglik net in berop dwaan op ferdigener Milan van Ewijk en middenfjilder Nicolas Madsen. Sy rekken licht blessearre. Oft sy snein yn aksje komme kinne is ûnwis.
Trainer Johnny Jansen woe nei ôfrin fan de training freed noch gjin opstelling priisjaan foar de wedstriid tsjin SC Cambuur. "De keuze die we gaan maken, zullen jullie zondag zien."
Johnny Jansen oer de derby:
Jansen tinkt net dat de bekerwedstriid fan ôfrûne tongersdei tsjin De Treffers noch ynfloed hawwe sil op de wedstriid fan snein. "Wij zijn gisteren al begonnen met het herstel na de wedstrijd. Dat hebben we vandaag voortgezet: aangedronken, goede voeding, maar zeker ook zuinig zijn op jezelf. Je moet ook mentaal klaar zijn om een wedstrijd te spelen: een beetje pijn is niet erg."

Gjin favoryt

Neffens Jansen is de derby in wedstriid op himsels. Hy sjocht dêrom gjin favoryt. Dochs tinkt de Hearrenfeantrainer wol dat syn ploech ien foardiel hat: de ôfwêzigens fan it fanatike Cambuurpublyk: "Cambuur heeft supporters die er echt achter staan, die veel lawaai maken, die een ploeg een extra impuls kunnen geven. Dus hopelijk hebben ze er last van."

Ekstra spesjaal

Foar doelman Xavier Mous is de wedstrriid ekstra spesjaal. Hy hat in ferline by Cambuur en komt no út foar Hearrenfean. "Ik heb de hele eerste seizoenshelft de datum van de wedstrijd wel voorbij horen komen. Je weet dat het gigantisch leeft onder de supporters, in de regio. Dat is mooi. Het is altijd leuk om tegen een oude club te spelen. Die combinatie maakt het voor mij extra mooi."
Xavier Mous oer de Fryske twastriid:
Mous fynt it spitich dat der gjin supporters by wêze kinne. "Aan ons de taak om er in te knallen, een goede wedstrijd te spelen en de drie punten op te halen, dat zijn we ze verschuldigd. Ik heb er vooral heel veel zin in. Ik kijk ernaar uit."