Cambuur fit rjochting derby: "Als je zondag pijn hebt, dan snap je het niet"

Der wurdt mar oer ien ding praat en der is folle mear belangstelling fan de lanlike parse. Yn it Cambuur Stadion fernimme je freed mar al te goed dat de Fryske derby tsjin sc Hearrenfean deroan komt.
We seagen by de trainings fan Cambuur en Hearrenfean:
De training hat freed net al te folle om 'e hakken. De spilers dy't tongersdei de bekerwedstriid tsjin NEC spilen, rinne út en geane gau wer nei binnen. De wikselspilers fan tongersdei traine wat langer troch. Dat dogge se ûnder lieding fan Martijn Barto, de assistint-trainer.
Pascal Bosschaart is der nammentlik net by. Syn broer trout freed en dêrom is hy net by de training. Mar lit no krekt dy oare assistint, Barto, dejinge wêze dy't mar al te goed wit hoe't it is om in derby te spyljen. Dat die hy yn syn spilerskarriêre by Cambuur meardere kearen.
Je merkt het aan de mensen die je aanspreken, de taarten die worden afgeleverd op de club, je merkt het overal aan.
Martijn Barto oer de Fryske derby
Freed wurdt der noch koart weromsjoen op NEC en dan giet de blik foarút, sa fertelt Barto. "Vanochtend op het veld hebben we de spelers toegesproken wat deze wedstrijd betekent voor de club en de stad. We hebben een fantastisch kalenderjaar, maar een goed resultaat zondag zou het extra glans geven."
De man dy't tusken 2011 en 2018 yn it giel-blau spilet en no assistint is, fernimt oan alles dat de derby deroan komt. "Ja, enorm. Je merkt het aan de mensen die je aanspreken, de taarten die worden afgeleverd op de club, je merkt het overal aan. Helaas mogen de supporters niet in het stadion, maar ze weten ons wel te vinden. Dat waarderen wij enorm."
Martijn Barto as spiler yn aksje yn de Fryske derby © Orange Pictures
De seleksje fan de Ljouwerters hat de wedstriid goed fertarre. Blessueres binne der dan ek hast net. Op David Sambissa nei kin eltsenien spylje.
Boppedat: as der al lytse blessueres binne, sette de spilers harren dêr wol oerhinne tinkt Barto. "Als je zondag pijn hebt, dan snap je het niet. Ga van mij uit: die jongens zijn echt wel fit en gaan gasgeven."
Martijn Barto libbet bot ta nei de Fryske derby:
De Fryske derby by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân besteget alle dagen omtinken oan de Fryske derby dy't snein 19 desimber is. We sjogge foarút mei Cambuurspiler Doke Schmidt, dy't syn karriêre begûn by sc Hearrenfean. En we sykje Feanster stjerspiler Joey Veerman en Cambuur-oanfierder Erik Schouten, dy't goed befreone binne, op yn Volendam.
Op freed en sneon traine beide klups noch foar it duel op snein. Alles wat op en by de trainingen bart, is te folgjen by Omrop Fryslân. Op de wedstriiddei is der in ekstra radioprogramma fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere mei yntegraal ferslach fan de derby en analyzes fan âld-spilers Joey van den Berg en Sandor van der Heide.