Lotte wint Hunted krekt net: in kertier foar de finish oppakt

Lotte Boersma út Wolsum rêde it krékt net op. Se siet yn de finale fan Hunted, mar flak foar de finish koe se net ûntkomme út de hannen fan de 'hunters'. De Friezinne wie mei har heit, Fred Boersma, op de flecht. Net pakt wurde troch de hunters is it doel yn it telefyzjeprogramma fan AVROTROS.
Hoe wurket Hunted
Fred Boersma waard al earder pakt, mar doe wist Lotte noch te ûntsnappen oan de opspoaringstsjinsten. Moandei, yn de lêste útstjoering, waard se dochs oppakt. Dat barde doe't se op in sylboatsje op de Markermar siet. Yn dy mar wie de finish. In speedboat mei hunters hellen har fan it boatsje. Dochs wie Lotte tefreden: "Dat ik er was, voelde voor mij al als het halen van de finish."

Ferdwine yn Fryslân

Lotte en Fred Boersma binne mei harren flecht in soad yn eigen provinsje bleaun. "Ze hadden een goed netwerk in eigen omgeving en dat heeft ze ver gebracht", tinkt Anton Jongstra, einredakteur fan Hunted. Dochs docht út de oare seizoenen bliken dat it faak net feilich is op bekend terrein, om't de 'hunters' dêr alles útsykje. Se geane bygelyks lâns famylje en it wenadres fan de flechtfuottigen.
"Regel één is: ga niet naar vertrouwd gebied", fertelt Jongstra. Dat Lotte en Fred Boersma it der dochs goed fan ôfbrocht ha, komt neffens Jongstra njonken in goed netwurk ek troch de provinsje. "Het blijkt dat je in Friesland goed kunt verdwijnen. Dat blijkt niet alleen uit dit seizoen, maar ook uit het vorige." Yn seizoen twa diene gjin Friezen mei, mar de winner fan it seizoen, Omar, siet goed ferstoppe yn in pleats yn Slappeterp.
Dat je yn Fryslân ûnder de radar bliuwe kinne, komt ûnder oare trochdat der hast gjin ANPR-kamera's binne. ANPR is in Ingelske ôfkoarting foar automatyske nûmerplaatwerkenning. Sokke kamera's hingje boppe de diken yn it lân en de hunters hawwe op it haadkantoar yn Rotterdam ynsjoch yn de gegevens fan dy kamera's. Yn Fryslân hingje mar twa fan dy kamera's, wylst der yn Amsterdam boppe elke dyk sa'n kamera hinget.
Tafelpetear Hunted

De jacht

De flechtfuottigen witte elk seizoen better út hannen fan de hunters te bliuwen, seit Jongstra. Dochs komme de flechtfuottigen en de hunters soms wol hiel ticht byinoar yn de buert. "Het gebeurt vaker dat hunters dichtbij de voortvluchtigen komen, terwijl beide partijen dat niet door hebben", seit Jongstra. "Zo rijdt een ander stel uit het seizoen langs het ouderlijk huis, terwijl de hunters daar op de wacht staan. De hunters hebben niet door dat ze voor hun neus voorbijrijden en de voortvluchtigen weten niet dat ze vlak langs de hunters komen."
Lotte en Fred Boersma kamen ek each yn each mei de hunters, mar ha dat wol yn de gaten. Lotte sjocht de hunters har sels twa kear op 'e hakken sitten. Beide kearen kinne de hunters de Friezen net te pakken krije, om't se op it lêste momint de jacht stilsette moatte. "'s Avonds mag er niet gevlucht en gezocht worden", fertelt Jongstra. "Eerder was de kijker helemaal niet op de hoogte van deze regel, maar door Fred en Lotte moesten we dit communiceren. Het wordt te duur om 24 uur lang te draaien", seit Jongstra.
Om't de hunters wol wisten wêr't Lotte en Fred wiene, stiene de hunters in dei letter klear, wannear't de jacht wer begûn. Sa waard Fred Boersma pakt yn in pleats yn Sniksweach, wylst Lotte fuortried mei in auto.

Regels fan it spul

Om it de flechtfuottigen net te maklik te meitsjen, hat it programma in tal regels betocht, dêr't de dielnimmers har oan hâlde moatte. "Ook moet er in de drie weken wel wat gebeuren, anders heb je niets om te laten zien", seit Jongstra.
Sa meie de dielnimmers net langer as twa dagen op itselde plak ferbliuwe en meie se it lân net út. Fierder krije alle dielnimmers in pinpas wêrmei't se jild opnimme kinne. "Ze mogen maximaal een bedrag van 70 euro per keer opnemen, met een maximum van 350 euro", fertelt Jongstra. "Maar het is niet verplicht om te pinnen. Dat doen ze zelf."

De hunters

De hunters besteane út in team fan minsken dy't by de plysje wurke hawwe of no noch as selsstannige wurkje, bygelyks as priveedetective. "De mensen hebben jarenlang bij de politie gezeten. Zo is Marcel leider geweest van een arrestatieteam en was Jeroen tot voor kort undercover. En Mark geeft nog steeds les bij de politieacademie. Hij moest ook toestemming vragen om mee te doen", fertelt Jongstra.
It programma krijt troch dy minsken ek it gefoel dat it echt is, neffens Jongstra. "Als ze bij een arrestatie roepen 'handen omhoog', ook al weet je dat de voortvluchtigen niet gewapend zijn, maakt het spannend."

Regissearre

Jongstra fynt it minder leuk dat minsken wolris tinke dat it programma regissearre is. "Het is niet waar dat het programma gescript is", seit Jongstra. "Alles wat er gebeurt, doen de deelnemers zelf."
Hy nimt as foarbyld dat Lotte en Fred Piet Paulusma opsochten en meidiene yn it programma Piets Weerbericht. "Ik vind het echt héél leuk dat ze dat doen. Dat is echt." Dêrnjonken nimt Lotte in vlog op, Huntedpraat. "Daarin vertelt Lotte in twintig minuten over een aflevering. Je hoort én ziet dan ook hoe het écht is."

Suksesfol

Hunted is in programma oer hoe't it is om op de flecht te wêzen. It programma wurdt mei elk seizoen populêrder. "Het is erg succesvol en daarom komt er ook een vierde seizoen aan", fertelt Jongstra.
It fan oarsprong Ingelske programma hat op it stuit mear as in miljoen sjoggers en is dêrmei ien fan de best besjoene telefyzjeprogramma's op NPO3.
Mear witte oer de jacht op Fred en Lotte Boersma? Tiisdei 18 desimber sitte se mei de einredakteur fan Hunted, Anton Jongstra, oan tafel yn Fryslân Hjoed.