Hunted siket twa Friezen dy't op 'e flecht binne

27 jun 2018 - 15:37
Foto: Hunted
Foto: Hunted

Fred en Lotte Boersma binne op de flecht yn Fryslân. Se binne tiisdeitemiddei foar it lêst sjoen yn Ljouwert doe't Piet Paulusma heit en dochter ôfsette op de krusing fan de Dammeleane en de Troelstrawei.

Wat is der oan de hân? It duo, ôfkomstich út Wolsum, is frijwillich op de flecht. Se dogge nammentlik mei oan it telefyzjeprogramma Hunted. Dêryn binne 12 dielnimmers, gewoane boargers, op de flecht en besykje se út hannen te bliuwen fan in opspoaringsteam. Doel is dat se 21 dagen út hannen fan it team bliuwe.

Jobien Berkouwer

Ien fan de spesjalisten yn dat team is Jobien Berkouwer, se is âld-plysjefrou en profiler by it programma. "Met alle mogelijke middelen proberen we ze op te sporen. Als profiler kijk ik naar het gedrag en de communicatie van de voortvluchtigen. Nemen ze risico's, zijn ze impulsief? Na de laatste melding ontbreekt ieder spoor van Fred en Lotte."

Gouden tip

"Als mensen informatie hebben over waar ze zijn, kunnen ze de tiplijn bellen van Hunted: 020 - 8931500. Als iemand de gouden tip heeft zodat we ze kunnen aanhouden, staat daar een beloning van 250 euro tegenover."

It programma Hunted is fan 22 oktober ôf te sjen op telefyzje by AVROTROS.

(advertinsje)