Hunted-Fries oppakt yn Sniksweach; syn dochter is noch op frije fuotten

03 des 2018 - 21:53

Ien fan de twa Friezen dy't meidogge oan de telefyzjesearje Hunted is oppakt yn Sniksweach. It giet om Fred Boersma. Syn dochter Lotte is noch 'op frije fuotten'. Beide waarden se sjoen op bewakingskamera's yn de haven fan Harns. It duo komt út Wolsum.

Foto: Hunted

Yn it programma fan AVROTROS binne 12 dielnimmers, gewoane boargers, op de flecht. Se besykje út hannen te bliuwen fan in opspoaringsteam. Dat moatte se 21 dagen folhâlde. Dat is Fred dus net slagge. Oft it Lotte al slagge is, dat is noch ôfwachtsjen.

Ien fan de spesjalisten yn it opspoaringsteam is Jobien Berkouwer, se is âld-plysjefrou en profiler by it programma. "Met alle mogelijke middelen proberen we ze op te sporen. Als profiler kijk ik naar het gedrag en de communicatie van de voortvluchtigen. Nemen ze risico's, zijn ze impulsief?"

It earste seizoen fan Hunted waard wûn troch in Fries. Yn 2016 slagge it Evert Kramer út Boalsert om ta it ein út hannen te bliuwen fan it opspoaringsteam. Kramer is sersjant-majoar by it Korps Mariniers en waard yn it programma foaral bekend om syn útdaagjende gedrach tsjin it opspoaringsteam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)