Boalserter Evert Kramer wint telefyzjeprogramma Hunted

Evert Kramer út Boalsert hat moandeitejûn it telefyzjeprogramma Hunted wûn. Yn dit programma besykje tolve burgers trije wike lang út de hannen fan de spesjale opspoaringstsjinsten te bliuwen. Kramer is sersjant-majoar by it Korps Mariniers en waard yn it programma foaral bekend om syn útdaagjende gedrach tsjin it opspoaringsteam.
Hy is oant de ein ta út hannen fan it team bleaun. Fan 'e middei yn De middei fan Fryslân bellet Femke de Walle mei Kramer dy't op dit stuit op Curacao sit foar syn wurk.