Omrop Fryslân

25 jier sûnder Alvestêdetocht: Omrop Fryslân sjocht werom

Tiisdei 4 jannewaris 2022 is it eksakt 25 jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht ferriden waard. Yn de jierren dêrop folgen wol kâlde winters, mar ta in Alvestêdetocht kaam it oant no ta net. Foar Omrop Fryslân oanlieding om 4 jannewaris wiidweidich omtinken te jaan oan dy lêste tocht.
© Omrop Fryslân
Folgje de tocht online en op 'e radio, as wie it 1997 en sjoch jûns nei in bysûndere Weromrop.TV mei unike bylden dy't al 25 jier yn it argyf fan Omrop Fryslân lizze.

Histoaryske fragminten op radio

Yn de dagen foarôfgeand oan de 15e Alvestêdetocht yn 1997 is Omrop Fryslân op de radio non-stop yn de loft. Bânrecorders yn de radiostudio draaie de hiele dei mei en meitsje it eksakt 25 jier letter mooglik om de tocht nochris fan hiel tichtby mei te meitsjen. Fan moarns 6.00 oant jûns 18.00 oere is alle oeren in seleksje fan dy unike fragminten te hearren op radio.
Yn 1996 makket de winter noch in skynbeweging. De alvestêdekoarts hat hiel Nederlân yn de besnijing. Snein 4 febrewaris soe de grutte dei wurde moatte, mar de winter lit him net stjoere en giet syn eigen gong. It friest ienfâldichwei net genôch. It kin net.
En dan wurdt it desimber 1996. It begjint opnij stevich te friezen en Kening Winter lit him dizze kear net ferslaan. Waarman Piet Paulusma sjocht de nije waarkaarten en realisearret him: "Dit begjint der echt op te lykjen." Hy hinget by de redaksjes fan de Fryske radio en telefyzje oan de telefoan: "Helje de draaiboeken foar jim alvestêdeútstjoeringen mar út de kast!"
Op 2 jannewaris 1997 komme de rayonhaden byinoar en om goed kertier oer alven sprekt Henk Kroes de histoaryske wurden: 'It giet oan!'.
Online is de 15e Alvestêdetocht ek op 'e foet te folgjen. Omrop Fryslân hâldt in liveblog by dêr't fan minút oant minút yn byhâlden wurdt wat der bart op dizze histoaryske dei, presys 25 jier lyn, mei bysûnder byldmateriaal en opfallende lûdsfragminten.
Karen Bies by de Alvestêdetocht fan 1997
© Omrop Fryslân
Yn 1997 bestiet de regionale telefyzje fan Omrop Fryslân noch gjin twa jier. Jonge programmamakkers lizze 4 jannewaris 1997 alles fêst.

Weromrop.TV yn it ramt fan de Alvestêdetocht

Se binne op de Blikfeart as it tsjuster en gefaarlik is, yn Sleat dêr't it grut feest is, yn Ljouwert by de feestfierders de nacht foar de tocht, by de steapels skuon dy't efterbliuwe yn it FEC en yn it MCL dêr't riders mei beferzen eagen holpen wurde, it giet oer iistransplantaasjes yn Snits en Harnzers dy't skossen fuorthakke op de rûte feroarsake troch in frachtskip.
Op tiisdei 4 jannewaris is in ekstra lange Weromrop.TV te sjen mei in seleksje fan de meast bysûndere reportaazjes. Dêrneist dûkt Weromrop.TV de hiele wike fierder yn de argiven fan Omrop Fryslân. Alle dagen binne reportaazjes oer iiswille en de Alvestêdetocht te sjen.

Werom yn de tiid mei FryslânDOK

Foar elkenien mei waarme gefoelens foar iis en reedriden is der yn jannewaris trije kear in FryslânDOK oer de Alvestêdetocht te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân. Op 1 en 2 jannewaris is dat 'Lij Wetter'. Yn de wykeinen fan 8/9 en 15/16 jannewaris sjocht FryslânDOK werom mei de twadielige dokumintêre 'Doe't de tocht dy't nea trochgong... trochgong'.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.