Foarsitter Alvestêdeferiening: "It iis is ûnderweis, it fielt oars"
Sa'n 400 leden hawwe sneon de gearkomste fan de Fryske Alvestêdeferiening online bywenne. Se wachtsje al hast 25 jier op in tocht, de lêste wie op 4 jannewaris 1997. De ferwachting is dat sa'n 24.000 riders meidogge mei de folgjende edysje. As dy alteast komt. Tiid om foarút te sjen mei foarsitter Wiebe Wieling.
We kinne it wol oer it riden ha, mar der leit noch gjin iis en der is corona. Ferline jier wie it bestjoer dúdlik: dit kin troch de pandemy net trochgean. Jimme tinke no oars.
"Kloppet. De situaasje is ek oars. We hawwe no in hege faksinaasjegraad. En we hoopje dat we yn jannewaris en febrewaris oer de pyk fan de besmettingen hinne binne en dat we dan binnen de beheiningen dy't der dan mooglik binne, oplossingen betinke om de tocht dochs trochgean te litten."
Wêr tinke jimme dan oan?
"Dat fertel ik jo net, mar rekkenje mar dat we drok dwaande binne, sadat we der klear foar binne. Om in foarbyld te neamen: we hawwe in start wêrby't we tûzen minsken yn in koai sette. Dêr moatte we no al in oplossing foar betinke. En fansels moatte we sjen nei saken as mûlkapkes en de oardel meter."
Ien fan de leden frege oft der dan ek in QR-koade of sokssawat nedich is om mei te dwaan.
"Lit ik dúdlik wêze: foar ús is elk lid gelyk, faksinearre of net. We meitsje gjin ûnderskied. Mar, stel dat de tocht allinne trochgean mei as dielnimmers har teste litte moatte of in faksinaasjebewiis ha moatte, dan folgje we de regels fan it kabinet. Dat bepale wy dan net."
Litte we it oer it iis ha. Jimme hawwe 15 sintimeter dikte nedich. Je kinne de natuer helpe mei keunstiis op swakke plakken.
"Dat wie in idee fan in lid. Bestel 30 kilometer keunstiis en je komme in hiel ein. Moai betocht, mar dat dogge we net. We wolle duorsum wêze en wegerje ditsoarte fan keunstmjittige yngrepen te brûken. Wol helpe we de natuer, bygelyks mei iistransplantaasjes en it op tiid stilsetten fan de gemalen. Dat kin wol en dat helpt ek, sa hat bliken dien."
Henk Angenent wie de lêste winner, yn 1997. Hy is derfan oertsjûge dat de tocht dizze winter trochgiet. Wat tinke jo?
"We hawwe begjin dit jier in geweldige winter hân mei binnen in wike gemiddeld tsien sintimeter iis. Dat is al reedlik unyk de lêste jierren. En Piet Paulusma seit dat Skandinavië ticht leit, de Eastsee en dy hiele hoeke. Dat komt no ús kant op en dat hat hiel lang net it gefal west. De 'straalstroom' sit no yn de goede rjochting. It kin miskien wol neat opleverje ,mar it fielt oars. Krekt oft der no mear kâns is as de jierren hjirfoar."
Jo meitsje it al spannend...
"Dat is moai dochs? We libje der sa mei ús allen nei ta."
Op 4 jannewaris 1997 wie it de lêste kear dat de Alvestêdetocht organisearre waard. Dat is op 4 jannewaris 2022 25 jier lyn. Omrop Fryslân besteget dêr op dy dei rom omtinken oan op radio, telefyzje en online. Yn dyselde wike komme mear iiswillebylden foarby yn weromrop.tv.