Reinier Paping op 90-jierrige leeftiid ferstoarn, Alvestêdewinner fan 1963
Reinier Paping is op 90-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy is bekend wurden as de winner fan de Alvestêdetocht fan 1963. Paping is nei in koart siikbêd ferstoarn.
Oan 'de hel fan 63', in wedstriid ûnder barre omstannichheden, dienen 577 dielnimmers mei; mar 58 fan har folbrochten de tocht.
Mei it ferstjerren is in ikoan fan de tocht hinnegien, fynt foarsitter Wiebe Wieling fan de Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden. Neffens Wieling wie Paping ien fan dé gesichten fan de Alvestêdetocht. Dat er de tocht yn 1963 wûn hat, fynt Wieling in tige grutte en hast ûnminsklike prestaasje.
Reinier Paping waard berne yn Dedemsvaart yn 1931. Paping ried yn de tocht fan 1963 wei út de kopgroep (Jeen van den Berg, Anton Verhoeven en Jan Uitham), en ried mear as de helte fan 'e tocht allinnich. Tsien oeren en 59 minuten nei de start finishte Paping, 22 minuten letter folge Jan Uitham as twadde. Hy waard faak oansprutsen op it winnen fan de tocht.
Sportman
Nei de mulo gie Paping nei it jongesynternaat yn Amersfoort en helle dêr yn 1959 it diploma Algemeen Sportleider oan it CIOS. Hy die oan ferskate sporten: fuotbal, gymnastyk, tennis en reedriden. Hy hie in plak yn de kearnploech en waard in pear kear kampioen fan Oerisel.
Tusken 1951 tot 1962 die er mei oan ferskate NK's allround. Syn bêste prestaasje wie fjirde yn 1955. Op it EK allround waard er dat jier 30ste.
Op 18 jannewaris 2013 wie it presys 50 jier lyn dat de swierste Alvestêdetocht oait ferriden waard: de barre tocht fan 1963:
Yn 1962 ried Paping syn earste reedrydtocht, de Ronde van Spannenburg. Hy einige as twadde, achter Jeen van den Berg, winner fan de Alvestêdetocht fan 1954.
Bekend
Geregeld kaam er op reünys fan âld-reedriders fan de ferneamde tocht. By de oanbieding fan it earste eksimplaar fan in nije Alvestêdeglossy yn septimber 2020, sei er dat it goed mei him gie. "Maar ik begin wel te merken dat ik over een jaar 90 word. Namen herinner ik me niet altijd meer, maar verder gaat het goed. Het schaatsen heeft mij van kinds af aan ontzettend geboeid. Maar ik heb meer sporten gedaan, ik heb ook gevoetbald en was badmeester in Dedemsvaart. Ik heb ontzettend veel beleefd."
Nei syn reedrydkarriêre hie er in sportsaak yn Zwolle. Yn 2003 waard er beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Yn 2016 ferskynde in boek oer Reinier Paping. It boek beskriuwt de tocht fan 1963, de gefolgen dêrfan foar syn libben en de jonge jierren fan Paping: