14 april: de tocht nei it noarden: It Hearrenfean, Drachten en Dokkum
Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. De befrijing fan Fryslân begûn op 12 april. Yn in rige fan fiif artikelen steane we dêr de kommende dagen by stil. Diel trije: de tocht nei it noarden.
"Ga maar veel bidden, want morgen blazen we de hele zaak op." It binne wurden dy't it eangstswit útbrekken docht by de froulju dy't noch finzen sitte yn Crackstate, it Hearrenfeanske gemeentehûs dat no haadkertier fan de Sicherheitsdienst (SD) is.
In hiel berucht plak yn de oarloch, dêr't in soad finzenen (faak fersetsminsken) troch de SD martele en ombrocht waarden. De wurden dy't de SD-er de froulju yn de nacht foar de befrijing fan It Hearrenfean tasnaut, befêstigje har idee dat sy en de ûngefear sechstich manlju dy't der finzen sitte, harren libben net feilich binne. De foarige dei ha se heard hoe't der de hiele dei sleept is mei doazen en kisten, mooglik eksplosiven.
Op sneon 14 april lûke de Kanadezen ûnferbidlik op nei It Hearrenfean. Om't de brêge yn it súdwesten fan Aldskoat opblaasd is, moasten de ferkenners in lytse omwei nimme. Mar gelokkich is de brêge fan Mildaam net yn besit fan de Dútsers en sa kinne de Kanadezen dan ek einlik It Hearrenfean binnen ride, sûnder al tefolle striid.
Sjitterij boppe Tsjalbert
Mar yn de streek om It Hearrenfean hinne is dat wol oars. By Haskerdiken leverje de Dútsers bot striid en dus beslute de Kanadezen yn eastlike rjochting in brêge oer de Heafeart te sykjen. Sa komme se út foar de pleats fan Site Veenstra en syn frou Bet Veenstra-Adema, by de Warrebrêge dus, noardlik fan Tsjalbert. Dêr ha de Dútsers harren yntusken yngroeven: se binne net fan plan dizze brêge oer te jaan. Mar as de Kanadezen tanks ynsette en op se sjitte, meitsje se mei in wite lape dúdlik dat se harren oerjaan wolle.
Hearrenfeanske fersetskommandant Sieger van der Laan is mei om de Kanadezen de wei te wizen en by it sjen fan de wite flagge, wol er graach yn ûnderhanneling mei de Dútsers. De Kanadezen riede him dit ôf, mar Van der Laan giet dochs. Yn spanning wachtsje de befrijers ôf wat der barre sil, oant se ynienen sjogge hoe't in Dútske kommandant him delsjit. De Kanadezen iepenje it fjoer op folle krêft en in lange besjitting folget. Yn de middei stake se it fjoer en witte de Dútsers dochs te ûntkommen.
Wat zullen de Duitsers op het laatste moment nog doen met de gevangenen in Crackstate?
Spanning yn Crackstate
De lange besjitting is ek te hearren yn Crackstate, dêr't de spanning noch altyd tanimt. Wûnder boppe wûnder binne de seis froulju yntusken ien foar ien frijlitten, mar de 60 finzen mannen sitte noch altyd yn deadseangst.
Bakker Gerlof de Wolf heart it geknal en de geroften fan oankommende Kanadezen yn spanning oan. Hy wie dejinge dy't altyd it iten foar de finzenen fan de gaarkeuken nei Crackstate brocht en is bot begien mei it lot fan de mannen. "Bange voorgevoelens maakten zich van mij meester. Wat zullen de Duitsers op het laatste moment nog doen met de gevangenen in Crackstate? Wat zullen ze doen met Crackstate zelf en met het telefoongebouw? De lucht in? Hetzelfde lot dus als onze bruggen? Of zullen er in Crackstate misschien tijdbommen liggen? De mensen maakten elkander bang en bevreesd."
'Ze staan op de Bronlaan!'
Underwilens is oan de oare kant fan Fryslân de befrijingstocht fan de Royal Canadian Dragoons rjochting de waadkust. Moarns iere betiid hearden se yn Drachten al sjitterij út de buert fan Oerterp en yn de rin fan de moarn is it dan einlik harren beurt.
De earste Kanadeeske ferkenningsweinen en pânserweinen ride fia it Ureterpervallaat en de Noordkade Drachten binnen en de befolking streamt massaal ta om se ûnder jûchjen binnen te heljen. Fia Drachten ride se nei Feanwâlden. Dêr loeit om 10 oere noch de sirene om't der sketten wurdt tusken Dútsers en de BS. Middeis rydt in groep fan 40 Kanadezen Feanwâlden binnen en jûns mei it ek feest wêze yn Damwâld.
Op nei Dokkum
Fan Damwâld is it noch mar in lyts stikje nei Dokkum. De Kanadezen kinne net tinke hoe bot oft se dêr sitte te wachtsjen op de ferlossende ynkomst. Dy nacht ha de BS al besocht de brêge by Dokkumer Nije Silen wer werom te feroverjen fan in beruchte Dútske kommandant. Dat mislearre, mar alle mannen fan de BS koene ûntkomme.
Yn de rin fan de sneon leverje se op 'e nij op ferskate fronten yn de omjouwing striid. De Dútsers ha de brêge by Nije Silen út harsels ferlitten, mar op de Soensterdyk rjochting Dokkum wurdt noch in autobus fol Dútsers ûnderskept, der wurdt fochten mei fyftjin lânwachters op fytsen en der ûntsteane op ferskate plakken skermutselingen. Oan beide kanten falle slachtoffers.
Sa is dêr it tragyske ferhaal fan Oege Monsma en de jongere Pieter Eekhof. De 56-jierrige Monsma komt út Broeksterwâld en fytst elke dei efkes nei syn soan yn Dokkum. Mar hjoed treft hy lânwachters dy't op dizze rûzige dei wrede maatregels nimme.
Libben skyld
Hy wurdt tegearre mei de 15-jierrige Pieter Eekhof as libben skyld fêstbûn oan de spatbuorden fan de auto fan de Dútsers. As de auto oer de Wâldpoartbrêge ride sil, nimt it ferset de auto fuort ûnder fjoer, net wittende fan Eekhoff en Monsma. De jonge Eekhoff is op slach dea, Monsma stjert in lytse wike letter. De auto is kompleet stikken en de Dútsers flechtsje Dokkum yn, mar wurde dêr oppakt troch de Dokkumer plysje.
Dokkum is frij
Lang om let lykje de fersetsstriders Dokkum yn de rin fan de dei ferovere te hawwen en pleatse se de trijekleur op de Dokkumer Nije Silen. Dochs hâldt it geroft oan dat de Dútsers út Holwert wei wer de stêd yn lûke sille. Mar dan ynienen, om in oere as sân, gûnzet it troch de strjitten: "Ze staan op de Bronlaan!" En dêr binne de Kanadezen, mei brullende motors meitsje de tanks in eareronde oer de merk, de strjitstiennen fleane yn de rûnte. De earste stêd fan Fryslân, Dokkum, is frij.
Yn Noardeast Fryslân falt hjoed nóch in sukses te fieren. By de brêge oer it kanaal by Blauferlaat fjochtsje de BS en de Dútsers al twa dagen om't de brêge oer it Prinses Margrietkanaal in strategysk wichtich punt is. De Dútsers wolle de brêge ferneatigje, mar Fryske fersetsstriders út ûnder oaren Bûtenpost, Gerkeskleaster en Stynsgea witte dat dizze sneon definityf foar te kommen en de brêge yn harren besit te krijen.
Terwijl Weeshuis en H.B.S. in lichter laaie stonden, begon het ook naar het zuidwesten te branden.
Wêr't de BS út alle macht besykje de rûten foar de Kanadezen yntakt te hâlden, sabotearje de Dútsers yn harren lêste grillen wêr't se ek mar kinne. Se blaze brêgen by Haskerdiken, Aldskou, Aldeboarn en de Foanejachtbrêge op. Ek by de úttocht út Ljouwert dy't noch hieltyd geande is dogge de Dútsers harren bêst.
Keimpe Sikkema skriuwt yn syn oarlochsdeiboek: "Terwijl Weeshuis en H.B.S. in lichter laaie stonden, begon het ook naar het zuidwesten te branden. Aanvankelijk dachten we, dat het 't Burmaniahuis was, de zetel van de Rexisten, waar zeer waarschijnlijk evenals in het Weeshuis- wel voor de heren nazi's bezwarend materiaal vernietigd zou moeten worden. We zagen echter spoedig, dat het verder weg was (...) we kwamen tenslotte tot de conclusie, dat het een munitietrein of een munitieopslagplaats moest zijn."
Mar nettsjinsteande alle fernielingen ha de Kanadezen oan de ein fan de dei flink terrein wûn. It Hearrenfean, Akkrum, Drachten, Bûtenpost, Dokkum en alle doarpkes dêrtusken yn: hast de helte fan Fryslân is befrijd út hannen fan de besetter. Op nei Snits, op nei Ljouwert en op nei de waadkust!
Rollen omdraaid
Mar hoe is it ôfrûn mei de 60 mannen yn Crackstate? Yn de rin fan de dei lykje de Dútsers fuort te wêzen, mar wis witte dogge je dat nea. Dochs hâldt bakker De Wolf it tsjin in oere as trije net mear út en mei syn bakkersfeint Hendrik Kooi giet er hoeden it terrein op. Se ferwachtsje elk momint de Dútsers, mar sette dapper troch.
Yn it gebou lykje se de kaaien te finen ûnder in doek, mar se ferwachtsje oeral boobytraps en bommen. "Ik pakte de punt van de handdoek heel voorzichtig beet. Een millimeter omhoog. Voorzichtig. Nog een. Nog een. leder ogenblik zouden we de lucht in kunnen gaan. Zie je iets. Henk? Goed kijken, jong! Zie je niks? Neen, nog niets, nog niets, enkel sleutels. Dan vooruit en ik pakte de verschillende ringen met sleutels en twee losse grote sleutels uit de doek vandaan."
Frijheid temjitte
De 60 mannen binne út de skroeven as se De Wolf en Kooi sjogge en it hat noch hiel wat fuotten yn de ierde om se feilich en stil it pân út te krijen. Mar it slagget: lang om let rinne ek dizze mannen harren frijheid temjitte.
Krékt op 'e tiid, docht bliken, want fiif minuten letter stappe der dochs wer Dútsers by Crackstate om. Dochs binne de rollen no omdraaid: yn de dagen hjirnei sille der yn Crackstate NSB'ers, moffefammen, ferklikkers en swarthannelers opsletten wurde.
Foar dit artikel is gebrûk makke fan ynformaasje fan de websiden heerenveenmuseum.nl; drachtstercourant.nl; rtvnof.nl; gevangeneninfriesland.nl; tracesofwar.nl; geschiedenisdc.nl. En it boek De regio tijdens de Tweede Wereldoorlog fan W.H. de Vries , de befrijingsbylage yn de Leeuwarder Courant fan sneon 8 april 1995, it artikel '14 april: De Wouden bevrijd' yn de Leeuwarder Courant fan 14 april 2010 en it oarlochsdeiboek fan Keimpe Sikkema.
Woansdei folget diel fjouwer fan dizze rige. Dat giet oer de befrijing fan Ljouwert en Snits.