13 april: De grutte úttocht fan de Dútsers

13 apr 2020 - 08:00

Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. De befrijing fan Fryslân begûn op 12 april. Yn in rige fan fiif artikelen steane we dêr de kommende dagen by stil. Diel twa: de grutte úttocht fan de Dútsers.

Foto: www.geschiedenisdc.nl

"Grote groepen Duitse soldaten sjokken moe, bleek, hongerig en lusteloos westwaarts door Leeuwardens straten achter een vieze boerenkar, waarop hun ransels, koffers en radio's hangen. (... ). Soms krijgt men meelij met zo'n vijftien-jarig broekje, dat daar op zijn eentje voortseult, de neus bijkans op de grond en met lood in de schoenen, maar zelden hebben de Leeuwarders elkaar zoveel knipoogjes gegeven en is de stemming zo opgeruimd geweest."

Keimpe Sikkema fan De Westereen moat sawol eufory as fertwiveling field hawwe as er dizze wurden freed 13 april 1945 yn syn oarlochsdeiboek skriuwt.

Befrijing liket net mear te kearen

Syn dei set mismoedich útein, mei it nijs dat de Amerikaanske presidint Franklin Delano Roosevelt de dei dêrfoar ferstoarn is. Mar no't de Kanadezen ek Appelskea, Easterwâlde en Wolvegea binnen riden binne en út it suden fan de provinsje wei oplûke, liket de befrijing net mear te kearen.

De befrijers, twa Frânske parasjutisten yn in motor mei sydspan en dêrnei de Kanadezen yn pânserweinen, wurde yn Easterwâlde lykas yn Noardwâlde in dei dêrfoar begroete troch in groep minsken dy't út de skroeven is. Se krije aaien, dy't se rau opsloarpje en diele sels sigaretten en sûkelade út.

Befrijing fan Wolvegea - Foto: www.drentheindeoorlog.nl

No is it saak om rap troch te setten. Wolvegea, It Hearrenfean, De Jouwer, Snits, Boalsert, Kop Ofslútdyk: dat it de rjochting dy't de Kanadezen yn de holle ha. Fan dizze haadrûte wurdt dan links en rjochts útwaaiere.

Uttocht

Kloften en kloften Dútsers dy't de hjitte azem fan de Kanadezen fiele en fuortlûke: it is in tekenjend byld foar dizze freed de trettjinde yn 1945. It is net altyd dúdlik wêr't se hinne lûke: guon minsken tinke dat se nei Harns moatte om alles op alles te setten om de havenstêd yn hannen te hâlden, oaren tinke wer dat se nei Noard-Hollân lûke om dêr in lêste wjerstân te bieden tsjin de Ingelsen dy't dêr lâne wêze soenen.

Garyp

Yn Garyp binne yn de nacht al 200 Dútsers fuortlutsen, mar 60 man bliuwe efter. Oerbleaun iten diele se út yn it doarp, mar harren munysje en trije frachtweinen en twa motors wolle se opblaze. Gariper Harmen Benedictus sit 20 meter fierderop yn in ligusterhage te sjen wat der allegearre bart. Dêr krijt er gau spyt fan, want as de Dútsers it guod yn de brân stekke, fleane troch ûntploffingen de felgen troch de loft. "Ta boppe yn de tsjerketoer. Ik sjoch se noch lannen yn de kastanjebeam fan Dirk van der Meulen."

Aldeberkeap

Lang net alle Dútsers komme lykwols op tiid fuort. By Aldeberkeap wurde 10 finzen nommen Lânwachters en SS'ers sûnder foarm fan proses deasketten, mei goedfinen fan de Kanadezen.

Ek by in nachtlik gefjocht tusken Sneker Binnenlandse Strijdkrachten (BS) en in ploech Dútske parasjutisten lâns de dyk nei Ljouwert, sneuvelje inkelde Dútsers. De BS fan Oerterp ûnderskeppe noch fjouwer Dútsers dy't besykje te ûntkommen, mar dêr bliuwt it net by: NSB-ers en kollaborateurs wurde yn Oerterp út foarsoarch ek oppakt en fêstsetten. 'Boerelieder' Luite van der Meulen en Pieter Staal, de NSB-boargemaster fan Opsterlân, wurde opsletten yn in skuorre efter kafee Gorter.

Herman Hennekes, Jan de Koning en Jacobus de Koning - Foto: Boarne: tvbolsward.nl, mei tank oan fotoargyf Tonnie Siemonsma

Net sûnder slach of stjit

Mar it is in gefaarlike tiid, want de Dútsers dy't bliuwe, lykje as in kat yn it nau feller as ea te wêzen. Sa jout de yn Snits sittende Ortskommandant Scheider opdracht om fjouwer manlike bewenners fan in strjitte yn Boalsert út harren hûs te heljen. Der is yn dy strjitte in Dútser fûn dy't troch in misferstân delsketten is troch de BS.

As represaille moatte de fjouwer mannen Jan de Koning (57), Jacobus de Koning (31), Ruurd Jorritsma (28), en evakuee Herman Hennekes (35 fusillearre wurde. In legerwein rydt se nei it transformatorhûs by Marnesyl en stoppet dêr.

As se útstapt binne, set Jorritsma it ynienen op in rinnen. Hy smyt syn jas fuort en springt sa yn it kâlde wetter fan in sleat. De Dútsers reagearje te let en hy ûntkomt. De oare trije mannen wurde delsketten.

Op de flecht

Site Veenstra en syn frou Bet Veenstra-Adema fan De Tynje fiele harren dizze freed net mear feilich op de pleats. Se wenje flak by de Warrebrêge en hearre út de rjochting fan it Hearrenfean hieltyd leven en gebulder.

As de Kanadezen tichterby komme, koe de pleats wolris yn de fjoerliny komme te lizzen Mei harren soantsje Gerrit flechtsje se mei twa skippers en in boat nei de Ulesprong. Mar goed ek, want as Site yn de rin fan de middei weromgiet om de kij te melken, binne der tsien mangatten groeven fan de brêge rjochting De Tynje. Alles wiist derop dat de Dútsers dizze brêge ferdigenje wolle.

Het huis dreunde op z'n grondvesten.

Keimpe Sikkema

Untploffingen yn Ljouwert

Keimpe Sikkema beskriuwt middeis dat er yn Ljouwert grutte ûntploffingen en knallen heart: hy tinkt dat Dútsers it fleanfjild opblaze. "Het huis dreunde op z'n grondvesten. Of er door de luchtdruk ook glasschade aangericht is in de stad en wat er op 't vliegveld zoal vernield is, bleef me nog onbekend."

Op 6 april hiene de Dútsers it fleanfjild al ôfskreaun foar militêr gebrûk, mar hjoed litte se de bunkers de loft ynfleane en ferniele se de startbanen.

(advertinsje)
(advertinsje)