Parasetamol en in pot faseline; Isa en Demi fytse de Alvestêdetocht op in tandem
It Omrop Fryslân-fytsteam by de Fytsalvestêdetocht bestiet dit jier út ferslachjouwers Isa Visser (Omrop Fryslân) en Demi Hoekstra (RTV NOF). Sy sille ferslach dwaan fan de Tocht fan harren tandem ôf.
De fyts is folboud mei kamera's, mikrofoans en oare technyske gadgets. Hiel wat oars as in normale fyts dus.
Goed traind, dat hawwe de froulju eins net. "Wy hawwe beiden wol traind op in normale racefyts, mar op de tandem net", seit Demi.
"Moandei moatte we al, dus we hawwe net in protte tiid mear om te trainen. Mar ik tink dat it wol goed komt."
Earste meters
Op tiisdei, seis dagen foar de tocht, fytsten se harren earste rûntsje. Dat gie neffens harren bêst wol goed.
"It wie wol even in bytsje ûnwennich en we moasten even goed ôfprate oft we links of rjochts opstappe en hoe't we it mei it remjen dogge", fertelt Isa. "Mar it foel my alles ta."
Sa sille de froulju fol fertrouwen op 'en paad om de 235 kilometer troch Fryslân ôf te lizzen. En wat harren rêdmiddel wurdt? Parasetamol mei foar de kont, en in pot faseline.
Sa giene de earste meters fan Isa en Demi op de tandem:
Ferslachjouwers Isa en Demi fytse de Alvestêdetocht op in tandem