Paralympysk swimster Liesette Bruinsma wol Alvestêdetocht ôffinke: "Ik kin net útsjen, mar wol fytse"
As paralympysk swimster hat Liesette Bruinsma meardere wrâldtitels en paralympyske medaljes op har namme stean. No giet se foar in nije útdaging. Op pinkstermoandei fytst se de Alvestêdetocht foar it Foppe Fonds.
It idee om de Tocht der Tochten te fytsen ûntstie in oantal jierren lyn mei de krystdagen by de famylje Bruinsma. Se hie it deroer mei har achterneef Ulbe Geart de Boer dy't de tocht al faker fytst hat. Dat like Bruinsma ek wol wat.
Troch al har kampioenskippen, dielname oan de Paralympyske Spelen en trainingen, hie se dêr de ôfrûne jierren lykwols net in soad tiid foar. Oant dit jier.
"Ik kin wol fytse, mar net útsjen"
Dêrby komt dat se fanwege har beheining in piloat nedich hat, om sa op in tandem de tocht ôflizze te kinnen. Of sa't se sels seit: "Ik kin net útsjen, mar wol fytse."
Har achterneef woe dy piloat wol wêze en dus naam Bruinsma wer kontakt mei him op. No sille se tegearre de Alvestêdetocht op deselde fyts ôflizze.
Goed tariede foar de Fytsalvestêdetocht is dreech. Koartlyn moast se har noch kwalifisearje foar it Europeesk kampioenskip en ferline wike reizge se ôf nei Dútslân foar in wedstriid. Dêrtroch binne de trainingen mei har piloat op ien hân te tellen.
"De Fytsalvestêdetocht moat der in bytsje tuskentroch", fertelt Bruinsma. "It is dan wol lestich om fytstrainingen yn te plannen."
Oare ynspanning
Dochs fynt se trainen foar de Fytsalvestêdetocht wol nedich, omdat fytse hiel wat oars is as swimme. "It is in hiele oare ynspanning, mar de basiskondysje ha ik wol. De hiele dei op dat seal sitte, liket my mear in útdaging."
Se wol de tocht net allinnich foar harsels fytse. Dêrom docht se it foar it Foppe Fonds, dêr't se ek ambassadeur foar is. "Ik wol net allinnich ambassadeur op papier wêze, mar ek wier it ferskil meitsje", seit se.
"Ik soe it moai fine dat ik de Alvestêdetocht fyts en oaren der ek wat oan hawwe. It wichtichste fyn ik om der omtinken foar te freegjen. Ik wol sjen litte dat je nettsjinsteande in beheining meidwaan kinne en just ek oan in Alvestêdetocht."
It Foppe Fonds fan âld-fuotbaltrainer Foppe de Haan soarget derfoar dat bern en jongeren mei in beheining sporte en bewege kinne. Ferskate paralympyske atleten binne ambassadeur.
Ik sjoch foaral út nei al dy minsken, de ferbining yn de tocht en om dit mei ús allegear te dwaan.
Bruinsma krijt pinkstermoandei stipe fan ferskate kanten. In groep fan sa'n tsien minsken fytst mei har mei, fan wa De Kast-sjonger Syb van der Ploeg der ien is.
Startskot jaan
Foar har begjint de dei betiid. Nei't se om 5.00 oere it startskot fan de Fytsalvestêdetocht jûn hat, stapt se fuortendaliks op de fyts.
As topsporter hopet Bruinsma stikem ek op in rappe tiid. "Dat soe moai wêze. Mar ik sjoch foaral út nei al dy minsken, de ferbining fan de tocht en om dit mei ús allegear te dwaan. Dat liket my hiel fet."