15.000 medaljes foar de Fytsâlvestêdetocht wurde mei de hân makke yn Zeist
Noch goed in moanne en dan set de Fytsâlvestêdetocht wer útein. De tariedingen binne al yn folle gong, lykas it drukken fan de medaljes. Dat bart dizze wiken yn Zeist.
Al mear as tweintich jier wurde de medaljes yn Zeist makke. It is ien fan de pear fabriken yn Nederlân dy't dit noch op orizjinele wize en mei de hân docht.
It hiele proses begjint mei it meitsjen fan de mal dêr't de medalje mei drukt wurde kin. Alle jierren stiet der in oare stêd op de medalje. Dit jier is de eare oan Drylts.
Net allinnich de namme fan de stêd wurdt derop drukt, mar ek in gebou of monumint dat dy stêd typearret. Dit jier wurdt it eardere fabryk Nooitgedagt yn it metaal set.
Neidat it stimpel makke is, en de krúskes útsnien binne, is it tiid om de medalje te drukken. 15.000 krúskes lizze yn bakken klear om drukt te wurden.
Mei de hân wurde de krúskes stik foar stik yn de masine lein, wêrnei't der mei in soad krêft in stimpel yn drukt wurdt. De symboalyske earste slach wurdt sûnt in pear jier dien troch it rayonhaad fan de stêd.
Dit jier mei rayonhaad fan Drylts, Hendrik de Leeuw, efter it apparaat plaknimme om de earste medalje te slaan. "Bysûnder", sa fertelt er wylst er de medaljes stik foar stik yn de masine leit.
"Ik bin no fjouwer jier rayonhaad. It is foar my de earste kear dat ik dit sa meimeitsje. Dan is dit wol in bysûnder momint."
Mei in delegaasje fan it bestjoer en it oare rayonhaad krijt hy in rûnlieding troch it fabryk, dêr't se alle stappen útlein krije troch adjunkt-direkteur Wido van der Hoorn.
Sûnt 2023 reizget foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht tegearre mei it rayonhaad fan de stêd dy't op it krúske drukt wurdt, ôf nei Zeist.
Hoefolle der noch mei de hân dien wurdt is tink ik unyk. Dan krijst ek in hiel moaie, unike medalje.
"We wolle sels, mar ek oan 'e rayonhaden sjen litte hoe't dy medalje derút komt te sjen en hoe't dy makke wurdt. Dan krijt dy ek mear wearde."
Hânwurk
Foardat de medalje klear is giet it noch troch minimaal fjouwer pear hannen. "Het is enorm veel werk", seit Van der Hoorn. "Voordat een medaille in een doosje zit, zijn we wel een paar uurtjes verder."
Dat it safolle wurk is, fernuvere foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht doe't er it foar de earste kear seach. "Ik tocht dat it hiel simpel wie", seit er.
"Foaral it hânwurk is echt opfallend. Hoefolle der noch mei de hân dien wurdt is tink ik unyk. Dan krijst ek in hiel moaie, unike medalje."
It soe miskien wol makliker kinne, jout Van der Hoorn ta. "Alleen deze oplage is dermate klein dat het nog niet te automatiseren is. Je kan het misschien wel in het buitenland geautomatiseerd laten drukken, maar dan krijg je niet deze kwaliteit."
Grutte eare
Fan de medaljes fan de Nijmeegse Vierdaagse oant de kampioensskaal fan de earedivyzje: sawat alle nasjonale medaljes en prizen wurde hjir makke. En as der ea wer in Alvestêdetocht op it iis komt, wurde ek dy krúskes hjir makke.
It bliuwt bysûnder om de medaljes - ek nei goed tweintich jier - te meitsjen foar de Fytsalvestêdetocht, fertelt De Leeuw. "Het is een enorme eer."
"Je moet je voorstellen dat de mensen meer dan 200 kilometer op de fiets hebben gezeten en dat jij dan het cadeautje voor hen mag maken. Dat is heel speciaal."