Habtamu de Hoop komt mei amendemint foar MIRT-ferkenning Lelyline
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PRO) wol dat it Ryk gau in folgjende stap set foar de oanlis fan de Lelyline. Der moat flugger sparre wurde, fynt er.
De Hoop die woansdei in foarstel, fuortendaalks nei it petear fan de keamerkommisje foar ynfrastruktuer mei Lelyline-gesant Klaas Knot.
It advys fan Knot is dat it Ryk alle jierren 400 miljoen sparret foar de Lelyline.
De oanlis fan de flugge spoarline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins kin dan yn it jier 2040 begjinne en klear wêze yn 2050.
Foar in saneamde MIRT-ferkenning soe der neffens de besteande regels 75 prosint fan it budzjet fan 14 miljard lizze moatte.
Mar De Hoop fynt dat it mei it foarstel fan Knot om foar de spoarline te sparjen wol flugger kin.
"Der sit ek noch 650 miljoen yn de Lelylinepot. As je no begjinne te sparjen mei 400 miljoen it jier, hawwe je al in miljard en soene je begjinne kinne mei de MIRT-ferkenning", seit De Hoop.
"As ik sjoch hoefolle partijen de Lelyline neame yn it partijprogramma, dan is dêr neffens my wol in mearderheid foar."
Efterstallich ûnderhâld
De koälysjepartijen CDA, VVD en D66 wolle earst witte wat it kabinet fynt fan it advys fan Klaas Knot foardat se mei in stânpunt komme oer it amendemint fan De Hoop.
De Keamerleden fine it dreech om in langetermyntasizzing te dwaan foar 400 miljoen euro it jier, omdat it Ryk ek in tekoart fan tsientallen miljarden hat op efterstallich ûnderhâld oan diken, brêgen en spoarlinen.
"Ik bin hiel benijd nei de reaksje fan de minister en de steatssekretaris op it advys fan Knot", seit it Fryske Keamerlid Luciënne Boelsma (CDA).
"Want hy docht in hiel oar foarstel foar finansiering fan in grut projekt as gebrûklik. Us ôfwaging oer wat we wol en net dwaan kinne, moatte we noch meitsje."
Underhâlde of ynvestearje
De Fryske deputearre Matthijs de Vries hat wol begryp foar it dilemma fan de Keamerleden.
"Nederlân moat ek oan de gong mei ûnderhâld, sjoch mar nei de problemen mei de brêgen yn Fryslân. Mar as je allinnich ynsette op ûnderhâld ferjitte je om te ynvestearjen yn de takomst en foar ús heart de Lelyline dêrby."
Lelylinegesant Klaas Knot formulearre it earder op de dei oars:
"Nederland kan niet alleen rentenieren. We moeten ook investeren in ons toekomstig verdienmodel."
Wat de Lelylijn krekt opsmite sil, is yn neffens Knot dreech yn jild út te drukken.
Mar hy is ynspirearre troch de oanlis fan de TGV yn Frankryk. "De ontwikkeling van provincieplaatsen is indrukwekkend op een moment dat er een snelle treinverbinding komt."
Knot tinkt dan oan huzebou en ekonomyske ûntwikkeling.
De nije spoarline kin neffens Knot ek yn 'e beneaming komme foar Europeeske stipe.
"Duitsland is niet enthousiast, maar je kunt vanaf Leeuwarden en Groningen ook een snelle trein naar Brussel en Parijs laten rijden. Dan ben je ook internationaal."
Je kunt vanaf Leeuwarden een snelle trein naar Brussel en Partijs laten rijden. Dan ben je ook internationaal.
It Ljouwerter keamerlid Maarten Goudzwaard (JA21) stiet achter it amendemint fan Habtamu de Hoop foar de MIRT-ferkenning.
"Wy moatte echt trochpakke. It giet om in politike kar", seit hy.
Neffens Goudzwaard is de oanlis fan de Lelyline 'gjin lúkse, mar needsaak'.
"De spoarferbining dy't we no hawwe is hartstikke kwetsber. We moatte Fryslân, Grinslân en Flevolân better ferbine mei it westen."
"Ik fyn it bizar"
Habtamu de Hoop begrypt der neat fan dat kabinet Jetten noch hieltyd net reagearre hat op it advys fan Klaas Knot om foar de Lelyline te sparjen.
"Ik fyn it bizar, want Knot hat syn advys al yn jannewaris presintearre. As it kabinet gjin beslút nimme kin, moatte wy as Twadde Keamer dat dwaan."