Omrop Fryslân

Lelyline net yn koälysje-akkoart, mar gesant wol dat Ryk wol elts jier 400 miljoen foar de line útlûkt

Foarstel foar spoarline en stasjon oan de súdkant fan Drachten
© Omrop Fryslân
Om de Lelyline oan te lizzen en it gebiet lâns it trasee te ûntwikkeljen, kin it Ryk it bêste 25 jier lang elts jier op syn minst 400 miljoen euro sparje yn in apart gebietsfûns. Dat is de kearn fan it advys dat Lelyline-gesant Klaas Knot freedtemiddei presintearre yn Den Haag.
Knot ferwachtet dat de 125 kilometer lange spoarline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins 14,5 miljard kostje sil.
Knot giet derfan út dat ek de regio en private partijen bydrage sille oan de nije spoarline. Om de 14,5 miljard op it kleed te krijen, is eins 600 miljoen euro yn 't jier nedich. Mar no't de oanlis noch in skoft duorje sil, is yn dizze faze 400 miljoen foldwaande.
Klaas Knot presintearret syn advys oan de media
© Omrop Fryslân
"Het eerlijke verhaal is dat de aanleg van een nieuwe spoorlijn een hoop geld kost", sei Knot freed op it Lelylinekongres yn Den Haag.
"De Lelylijn is nodig voor nationale cohesie, betere bereikbaarheid en economische structuurversterking. Je moet voor de Lelylijn verder kijken dan economisch rendement."
De rûzing fan de kosten fan 14,5 miljard is neffens Knot 'robuust'. "We zitten aan de veilige kant."
Presintaasje advys
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Nederlân hat neffens Knot op dit stuit ûnfoldwaande jildmiddels om in lange nije spoarline as de Lelyline oan te lizzen. It mobiliteitsfûns is dêr te lyts foar.
Ek de regel fan it Ryk dat 75 prosint fan it jild der lizze moat, foardat der grien ljocht jûn wurde mei, stiet in ambisjeus nij projekt as de Lelyline yn it paad. Knot jout dêrom it advys om foar de Lelyline te sparjen en dêr fuortendaliks mei te begjinnen.
Het is van belang dat ook de regionale overheden snel over de brug komen en hun commitment concreet maken.
Lelyline-gesant Klaas Knot
It leit neffens Knot foar de hân dat it Ryk de Lelyline foar it grutste part betellet. Yn oare Europeeske lannen giet it net oars mei nije ynfrastruktuer. Knot fynt tagelyk dat de belutsen regio's ek harren bydrage oan de nije spoarline konkreet meitsje moatte.
Ek kin sjoen wurde nei stipe fan Europa en private finansiering. Knot tink dat jild út oare boarnen op syn meast 10 oant 20 prosint oan de kosten bydrage kin. "Het is van belang dat ook de regionale overheden snel over de brug komen en hun commitment concreet maken."

0,04 prosint fan de ryksbegrutting

"De meeste kosten voor de Lelylijn hoef je pas tussen 2040 en 2050 te maken. Dat geeft je de mogelijkheid om voor het project te sparen en de kosten over flinke tijd uit te smeren."
In trochsneed stoarting fan 400 miljoen yn 't jier yn in Lelylinefûns troch de Ryksoerheid is neffens de âld-bankdirekteur foldwaande om it projekt te realisearjen.
Klaas Knot
© ANP
"Het is een hoop geld, maar het is niet meer dan 0,04 prosint van de rijksbegroting." Der is neffens Knot ferlet fan dúdlike ynset fan de Ryksoerheid en regionale oerheden om de oanlis fan de spoarline tichterby te bringen.
"Als het nieuwe kabinet besluit om te sparen voor de Lelylijn, dan kun je met het project de verkenningsfase in." Knot fynt it wol fan belang dat it Lelylinefûns goed beskerme wurdt, sadat in nij kabinet mei in oare politike aginda de sparpot net samar plunderje kin.

Net yn it koälysje-akkoart

Yn it freed presintearre koälysje-akkoart fan it nije kabinet D66, CDA en VVD wurdt de Lelyline net neamd. Klaas Knot makket him dêr net al te grutte soargen oer. "Een besluit om 400 miljoen te sparen voor infrastructuur vraagt zorgvuldige voorbereiding, dat neem je niet zomaar."
Kommissaris fan de Kening René Paas fan Grinslân seit yn in earste reaksje dat hy útsjocht nei 'vruchtbare gesprekken' mei it nije kabinet oer de finansiering fan de Lelyline.
It nije kabinet is wol fan doel om mear jild te ynvestearjen yn ynfrastruktuer, mar de Lelyline wurdt by de oan te pakken projekten net neamd.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.