Omrop Fryslân

Pikante oerstap: direkteur Lelyline wikselet fan spoarambysjes

Direkteur Lelyline stapt oer nei Nedersaksenline
© Omrop Fryslân
Stijn Lechner wie trije jier lang projektdirekteur fan de Lelyline, mar is sûnt koart beneamd as 'lûker' fan de Nedersaksenline tusken Veendam en Emmen.
Hy moat der no foar soargje dat eltsenien yn it easten fan Grinslân en Drinte yn 'e takomst foardiel hat fan de Nedersaksenline.
It is foar de bûtenwrâld in opfallende transfer, mar net foar Lechner sels.
Hy naam ûntslach doe't nei trije jier hurd wurkjen bliken die dat de Lelyline foarearst net oanlein wurdt.
Mensen denken misschien dat ik van Ajax naar Feyenoord ga, maar de spoorlijnen bijten elkaar niet.
Projektdirekteur Stijn Lechner
"Ik wilde weer eens wat anders gaan doen", fertelt Lechner.
"Ik ben in dienst van een particulier bureau en toen ik daar begon, zag ik de baan programmadirecteur gebiedsontwikkeling Nedersaksenlijn."
"Ik dacht: dat is een mooie opgave. Mensen denken misschien alsof ik van Ajax naar Feyenoord ga, maar beide lijnen bijten elkaar niet."

Fan trije miljard...

Trije jier lyn seach de wrâld der noch hiel oars út foar de Lelyline.
De yn Veendam opgroeide Lechner waard beneamd as projektdirekteur, neidat kabinet-Rutte IV yn it koälysje-akkoart trije miljard euro beskikber stelde foar de oanlis fan in flugge spoarline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins.
It beëage trajekt fan de Lelyline
© Omrop Fryslân
Lechner soe mei in projektteam fan amtners fierder ûndersyk dwaan nei de Lelyline op it Grinslanner provinsjehûs.
De saneamde MIRT-ferkenning seach der goed út en toande oan dat de nije spoarline in mearwearde hawwe soe foar Grinslân, Fryslân en de Rânestêd.

...nei 300 miljoen

Mar it foarjiersakkoart fan 2025 feroare alles.
It kabinet fan PVV, NSC, VVD en BBB naam doe it beslút om it grutste part fan de Lelyline-reserve te brûken foar de oanlis fan de Nedersaksenline, de spoarline dy't Grins oer Veendam en Emmen mei Twinte ferbine moat.
Dat kin, fûn dat kabinet, want de Nedersaksenline is mei 1,9 miljard euro in stik goedkeaper as de folle djoerdere Lelyline.
In grut part fan it lêste miljard fan de Lelyline-reserve waard ynset foar oare ynfrastruktuerprojekten.
Foar de Lelyline sels sit noch mar sa'n 300 miljoen euro yn de pot.
It beëage trajekt fan de Nedersaksenline
© Omrop Fryslân
Dochs siet der neffens Lechner noch hieltyd muzyk yn de Lelyline.
Omdat it leechheljen fan de Lelylinepot yn it neidiel fan Fryslân wie waard âld-topman Klaas Knot fan De Nederlandsche Bank oanlutsen om nije finansieringsmodellen foar de Lelyline te sykjen.
"Het was een feest om met Klaas Knot samen te werken", seit Lechner dêroer.
"Het is een hele slimme, benaderbare man. Met zijn advies kan het nieuwe kabinet volgens mij wel verder."
Klaas Knot advisearret it Ryk om te sparjen foar de Lelyline
© Omrop Fryslân / ANP
Nei de presintaasje fan it advys fan Klaas Knot wie it wurk foar de Lelyline foar Lechner klear.
It projekt leit no stil, omdat it nije kabinet-Jetten noch hieltyd net mei in reaksje kaam is op it foarstel fan Knot om alle jierren 400 miljoen euro foar de Lelyline te sparjen.
Wylst de Lelylinetrein op dea spoar liket te stean, wurdt der no yn heech tempo ûndersyk dien foar de oanlis fan de Nedersaksenline, it saneamde MIRT-ûndersyk.
De resultaten dêrfan moatte der begjin 2028 wêze, sadat it kabinet oanslutend it definitive grien ljocht jaan kin.
Lechner is der wis fan dat de Nedersaksenline der ek komt. "De regio is positief, het bedrag ligt op tafel en de meerwaarde is aangetoond."

Mooglikheden

Lechner sil him net mei de spoarline sels dwaande hâlde, mar benammen mei alles dat der omhinne bart.
"Het gaat mij om de gebiedsontwikkeling. Als de ene gemeente een onderwijscampus aan het spoor heeft, dan moet de buurgemeente dat niet doen, want dan krijg je onderlinge concurrentie."
Foarearst noch gjin trein troch Drachten
© ANP
Lechner sil ek sjen nei mooglikheden foar bedriuweterreinen en wentebou, by foarkar yn goed oerlis om de saneamde brede wolfeart op in heger nivo te krijen.
"Een geweldige klus, waar ik me voor langere tijd aan wil committeren", seit de âld-projektdirekteur fan de Lelyline.
Lechner hat romme ûnderfining, want hy die earder al gebietsûndersiken nei de gefolgen fan de mooglike oanlis fan de Lelyline foar plakken as Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.