Omrop Fryslân

Sterre út Warkum doarde hast neat mear, mar no makket se wrâlden fol fantasy

Sterre Cnossen skreau yn de klinyk yn Venray in berneboek
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
"Al sûnt myn jonge jierren striid ik tsjin depresje." Sa begjint Sterre Cnossen út Warkum har ferhaal. Op in gegeven stuit wie it sa slim dat se it gelok net mear seach.
Se koe net mear genietsje fan har twa jonge bern. Sterre koe wol foar de bern soargje, mar se koe se net jaan wat se graach jaan woe.
Kinst it sa gek net betinke of ik wie der bang foar, echt hiel freeslik.
Sterre Cnossen oer har eangst- en dwangsteuring
"De wurden dy't my noch it meast sear diene wiene: 'Sterre, do bist net in goede mem'", fertelt se.
"Doe haw ik tsjin myn man sein dat er better in oare frou sykje koe om foar de bern te soargjen. Want ik gun se it alderbêste en ik fûn net dat ik dat wie."

Opname yn in klinyk

Ein 2024 beslút Sterre frijwillich om har opnimme te litten yn in klinyk yn Venray, it 'Centrum voor Angst & Dwang', dêr't mei in grut ferskaat oan terapyen besocht wurdt om minsken better te meitsjen.
It berneboek oer Misch en Masch dat Sterre Cnossen skreaun hat
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
"Ik hie lêst fan eangst- en twangsteuring en dat beheinde my hiel bot yn myn libben. Ik doarde net nei bûten, ik woe net dat myn bern nei bûten giene, ik woe gjin smoarge hannen krije en wie benaud dat ik siik wurde soe."
"Do kinst it sa gek net betinke of ik wie der benaud foar, echt hiel freeslik."
Sterre krijt in soad 'exposure therapy' wêrby't se bleatsteld wurdt oan alles dêr't se eangst foar hat.
Mar der binne ek groepssesjes, sportive terapy en kreative terapy. "In hiele dei terapy, oant fjouwer oere middeis. Dan hiest tiid foar dysels."
Ik kin dat gefoel hast net oproppe. Dat docht sá sear.
Sterre Cnossen mist har bern ferskriklik
De earste wiken wiene tige dreech. Sterre fielde har iensum en gûlde in soad.
"Ik woe wer nei hûs en hie it gefoel dat ik myn bern yn 'e steek litten hie. Wylst ik it krekt die om in bettere mem te wurden."
Se brekt even as se weromtinkt oan dy tiid yn Venray. Mei triennen yn 'e eagen fertelt se dat it muoite kostet om werom te gean nei har gefoel.
"Ik kin it hast net oproppe. Dat docht sá sear."

Misch en Masch

Se begjint te tekenjen. Har dochter kleuret de figueren op de tekening yn en dan krijt Sterre de tekeningen werom. Se fleuret der har hoekje yn de klinyk mei op.
"Op in stuit giene we op kamp en der wiene twa begeliedsters mei. Ik neamde harren yn myn holle Misch en Masch. Mei noch in oare kliïnt betocht ik dat Misch en Masch wol de haadfigueren fan in ferhaal wurde koene en sa ûntstie eins it boek."

Leaver harkje nei Sterre Cnossen?

De reportaazje mei Sterre Cnossen oer har depresje en it berneboek dat se makke, is te hearren op snein 24 maaie tusken 11.00 en 12.00 oere yn it radioprogramma Buro de Vries. Jûns om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Misch en Masch binne twa mûskes dy't allegear aventoeren belibje.
De fantasy is ûneinich: Misch en Masch kinne álles en binne yn it boek echte helden.
"Bern sitte no faak achter in skermke. Wylst ik se meijaan wol datst sels in hiele wrâld oproppe kinst en datst yn dyn holle fan alles betinke kinst. Mei fantasy kin álles."

Mear plannen

Mei Sterre giet it no goed. "It skriuwen en tekenjen fan dit boek hat my holpen. Ik wit no dat ik wól wat kin, myn selsbyld is folle better."
Se hat ek al plannen foar nóch in boek oer Misch en Masch.
"En ik wol in boek foar jongelju skriuwe. Om myn eigen ferline mei pesterij te ferwurkjen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.