Hoe’t in Fries in boekeparadys boude yn Den Haag (en de buert it rêden hat)
It is sykjen nei in paad tusken de bergen boeken yn it antikwariaat Colette & co. De twaddehânsk boeken steane oeral en nearne opsteapele.
Ast op 'e sneup giest yn de winkel, rinst it gefaar dat sa'n steapel omfalt. In spesifyk boek fine wurdt in útdaging, mar ast dy ferrasse litst troch alle boeken om dy hinne, kinst peareltsjes fine.
It Haachske boekwinkeltsje is in begryp yn de Hôfstêd en fier dêrbûten.
It is it libbenswurk fan Jogchum de Vries fan Penjum.
Doe't hy yn 2020 nei 25 jier mei pensjoen woe, drige sluting foar de winkel. Mar buertbewenners stutsen dêr in stokje foar.
Frijwilligers hâlde de winkel oan de Reinkenstraat no al fiif jier draaiende. Der is no in boek skreaun oer dit bysûndere literêre paradyske.
Jogchum de Vries komt fan Penjum, mar wennet al jierren yn Den Haag. Yn 1996 iepenet hy dêr it antikwariaat Colette.
Nei jierren wurke te hawwen foar in fersekeringsmaatskippij giet hy syn dream efternei: in eigen boekwinkel.
Want lêze en boeken, dat hat altyd syn passy west.
In Fries mei in passy
De winkel rekket hieltyd foller.
"Die steapels ûntstiene omdat ik safolle boeken hie. Wat moatte je dan dwaan, de kasten binne fol. No, dan moatte je it mar derfoar delsette", leit De Vries út.
Der is hast gjin trochkommen mear oan, mar De Vries wit alles te finen: de Fryske boeken lizze foar yn it sicht en hawwe in moai plakje krekt neist de doar.
De Ingelske en Frânske boeken lizze rjochts krekt om it hoekje en de skiednisboeken hawwe in plak wat mear efteryn. Mar in echt systeem is der net.
De ienige dy't echt wit wêr't alles leit, is De Vries.
Opfolging socht
Yn 2020 is it op en oer. De Vries is dan 80 jier en wol sa stadichoan wolris mei pensjoen.
Hy siket in opfolger, mar dat slagget net sa ien, twa, trije.
Ta eintsjebeslút hinget er in briefke op de rút: 'Opvolging gezocht'.
Jean-Pierre Geelen, sjoernalist by de Volkskrant, wennet yn de buert en sjocht it briefke hingjen. De rest is skiednis.
Hy set in oprop op Twitter en dat berjocht giet firaal. Buertbewenners beslute mei syn allen de winkel te rêden. Der wurdt in crowdfundingsaksje opset.
In groep boekleafhawwers út de buert rjochtet in stichting op, en frijwilligers hâlde de boekhannel no draaiende.
Sa waard antikwariaat 'Colette' úteinlik 'Colette & co'.
We binne fiif jier fierder en Colette & co is in grut sukses. De winkel is alle dagen iepen, skriuwers presintearje harren boeken der en der binne temadagen mei muzyk en hapkes.
Boekdûke
De boekwinkel waard it klopjend hert fan de buert. Joop Daggers en Martien Versteegh binne twa fan de 50 frijwilligers.
"Ga lekker rondlopen", advisearret Daggers. "En ga schatgraven, zoals wij het noemen, parelduiken en je loopt tegen dingen aan waarvan je denkt wat een gaaf boek, dat was ik niet aan het zoeken maar dat wil ik wel hebben. Voor die ervaring komen heel veel mensen naar deze winkel."
Voor mensen die van boeken houden is dit een paradijs.
"Dit is een winkel voor echte boekliefhebbers", follet Versteegh oan.
"Met letterlijk stapels boeken, waar af en toe een lawine te horen is omdat iemand per ongeluk een stapel omgooit, en dan gaan we weer opnieuw stapelen. Voor mensen die van boeken houden is dit een paradijs."
Daggers en Versteegh besletten in boek te skriuwen oer de boekwinkel fan De Vries dy't mei help fan al dy frijwilligers bestean bliuwt: Hier wil ik wonen, het vrolijke bestaan tussen boekenbergen.
"De titel hebben we te danken aan de schrijver Ronald Giphart", fertelt Daggers.
"Hij liep hier de winkel binnen en dat was wat hij dacht en wat hij in het gastenboek schreef. En dat is wat wij ook voelen als we hier zijn."
En Jogchum de Vries? Dy komt geregeld noch efkes del yn wat eartiids syn boekhannel wie.
"Yn it begjin fûn ik it mar neat, komt it wol goed?", seit er.
De Vries fûn it dreech om de winkel los te litten. Mar no hat hy der frede mei.
Boppedat wurdt hy net fergetten troch de nije eigeners. Efteryn de winkel is in spesjaal hoekje makke mei dêr de 'peareltsjes fan Jogchum'.
Sa bliuwt syn namme foar altyd ferbûn oan dat eigensinnige, rommelige Haachske boekwinkeltsje.
Harkje nei dit ferhaal?
Yn ús programma Buro de Vries is in reportaazje oer de boekwinkel fan Jogchum te hearren. Buro de Vries wurdt útstjoerd op snein om 11.00 oere en wurdt werhelle op sneintejûn om 21.00 oere.
De reportaazje is dêrneist ek as podcast publisearre.