Omrop Fryslân

Ut trauma wei skriuwt Lex Paleaux boeken dêrt'st om laitsje en skrieme kinst

Lex Paleaux is nominearre foar de NS Publykspriis
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
"Het is gewoon geniaal geschreven, zo vol echtheid, rauwheid, alle emoties komen naar voren. Ik verslind zijn boeken en ik baal gewoon dat ik 'm uit heb." It is ien fan de reaksjes op it boek Liften naar de hemel fan Lex Paleaux.
60.000 boeken binne der oant no ta ferkocht fan it boek fan Fries om utens Lex Paleaux. Syn boek is nominearre foar de NS Publieksprijs fan 2025.
Der binne al 60.000 eksimplaren ferkocht fan 'Liften naar de Hemel'
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Earder dit jier hie dizze fiifde roman fan Paleaux de Boekhandelsprijs al wûn. Lex Paleaux wennet yn Haarlem mar is hikke en tein yn Fryslân ûnder de reek fan Ljouwert.
Je kan keihard lachen, wat hij heeft hele gevatte humor, maar soms zit je ook gewoon te janken.
Laura van Twillert oer it boek 'Liften naar de Hemel'
Lex Paleaux (in pseudonym) fertelt oer syn boek en syn eigen libben yn boekhannel de Grote Beer yn Frjentsjer, want syn boeken geane benammen oer himsels en syn swiere jeugdjierren.

Laitsje en skrieme tagelyk

Paleaux wurdt ynterviewd troch syn Frjentsjerter jeugdfreondinne Laura van Twillert. Sy ken him noch fan eartiids, doe't se yn deselde klasse sieten op de MAVO.
Van Twillert is djip ûnder de yndruk fan syn boeken: "Je kan keihard lachen, wat hij heeft hele gevatte humor, maar soms zit je ook gewoon te janken."
Kloften minsken binne ôfkaam op de besite fan de bekende skriuwer yn de nagelnije boekhannel en wolle in troch Paleaux sinjearre boek.
Laura van Twillert ynterviewt Lex Paleaux yn de Frjentserter boekhannel De Grote Beer
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Paleaux groeide op yn in lyts doarpke ûnder de reek fan Ljouwert yn in kristlike húshâlding. Op syn tolfde wurdt hy seksueel misbrûkt.
Yn de Grutte Wielen wurdt hy troch in man fan syn fyts lutsen en ferkrêfte. In barren dat syn fierdere jeugd op 'e kop set.
"Dat barren doe't ik yn de earste klasse fan de middelbere skoalle siet, dat wie in katalysator foar de rest fan myn libben", fertelt Paleaux. "En op dat momint doarde tsjin net ien wat te sizzen."

Stimme foar de NS Publykspriis 2025

De NS Publykspriis is de priis foar it bêste boek, keazen troch it publyk. It winnende boek mei him offisjeel Boek fan it Jier neame.
De nominaasjes besteane út de seis bêst ferkochte boeken fan it ôfrûne jier. 'Liften naar de hemel' is dêr ien fan.
Kommende woansdei 5 novimber wurdt yn it programma 'EenVandaag' bekend wa't de NS Publiekspriis krijt. Stimme kin noch oant 17.00 oere dy dei fia www.nspublieksprijs.nl.
De traumatisearre Lex wurdt ûnhannelber en rekket yn in psychiatryske jeugdklinyk. Yn 2020 begjint Paleaux te skriuwen oer syn swiere jeugdjierren yn it boek Winterwater.
It boek wurdt yn it Frysk fertaald en bewurke ta in teäterstik. Ek de lettere boeken fan Paleaux geane oer syn jeugd.

Nei jierren in plak jûn

Liften naar de hemel is syn fiifde boek en folget de 16-jierrige haadpersoan Quintin nei Kanada, dêr't er terjochte komt by in strang kristlike húshâlding en oan it wurk set wurdt op in buorkerij.
It hat my ek in protte jûn, ek de akelige dingen yn it libben bringe dy wat.
Lex Paleaux oer syn swiere jeugdjierren
"Se hiene it plan om my sis mar fysyk en metaal ôf te brekken en dan wer op 'e nij op te bouwen", fertelt Paleaux oer dy tiid. Hoewol't it boek foar in grut part autobiografysk is, seit Paleaux mei klam dat it in ynterpretaasje is fan de Kanadeeske perioade.
"It is altyd út myn gedachten wei, sa as ik it beleefd ha."
Hy kin no skriuwe oer dy swiere tiid omdat de ôfstân fan tiid dertusken sit. "We binne no 30 jier fierder en ik ha it foar mysels wol in plak jûn", leit Paleaux út, "It hat my ek in protte jûn, ek de akelige dingen yn it libben bringe dy wat."
Lêzers wachtsje op in sinjearre boek fan Lex Paleaux
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Earder dit jier wûn Paleaux al de Boekhandelsprijs voor Liften naar de hemel en no dus in nominaasje foar de NS Publykspriis. Syn boek is in grut sukses mar Paleaux fynt dat ek lestich.
"Ik bin best wol nuchter fan mysels, ik fyn it in moaie erkenning mar ik moat der foaral foar soargje dat ik net tink dat ik it no foar inoar ha. Ik moat gewoan hurd oan it wurk en gean gewoan troch."

It sechsde boek is ûnderweis

Hy is dan ek al drok mei syn nijste boek dat septimber kommend jier útkomt: In het licht van de leugen. Ek dit boek is autobiografysk en is een ferfolch op Liften naar de hemel. Dat boek wurdt trouwens fertaald nei it Ingelsk en sil ek yn Kanada op 'e merk komme.

Harkje nei dit ferhaal?

Yn ús programma Buro de Vries is in reportaazje oer Lex Paleaux te hearren. Buro de Vries wurdt útstjoerd op snein om 11.00 oere en wurdt werhelle op sneintejûn om 21.00 oere.
De reportaazje is dêrneist ek as podcast publisearre.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.