Omrop Fryslân

BBB lit eask oan provinsje om brief yn te lûken falle

Steatelid Natalie Nauta (BBB)
© Hoge Noorden / Jacob van Essen
De BoerBurgerBeweging yn Fryslân sjocht de 'yngewikkelde juridyske werklikheid', dêr't de provinsje Fryslân mei te krijen hat yn de kwestje fan de gewasbeskermingsmiddels.
De Steatefraksje fan de BBB easket dêrom net langer dat it kolleezje fan deputearre steaten in brief weromlûkt dy't de provinsje nei in hanthaveningsfersyk stjoerd hat nei boeren dy't ticht by in natuergebiet buorkje.
"De provincie kan nationale en Europese wet- en regelgeving niet zelfstandig veranderen en uitspraken van de Raad van State niet terugdraaien", skriuwt de Fryske BBB yn in ferklearring.
De BBB is wol fan betinken dat de provinsje 'njonken, foar en achter' de boeren stean moat binnen de juridyske mooglikheden dy't der wol binne.

Reboelje

De BBB kaam ferline wike mei in 'hurde eask' oan it kolleezje dat de brief ynlutsen wurde moast.
Fraksjefoarsitter Natalie Nauta hie it doe oer in 'rode lijn' en drige sels mei it opsizzen fan betrouwen yn it kolleezje dêr't de BBB mei twa deputearren yn fertsjintwurdige is.
De eask om in brief yn te lûken foel net goed by it kolleezje fan deputearre steaten en soarge foar politike rebûlje.
Fan it ynlûken fan in brief kin gjin sprake wêze. Dy brief is hiel soarchfâldich opsteld op basis fan regeljouwing en jurisprudinsje.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
"Fan it ynlûken fan in brief kin gjin sprake wêze", seit Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer dy eask. "Dy brief is hiel soarchfâldich opsteld op basis fan regeljouwing en jurisprudinsje."
De provinsje is wol ree om te praten oer de soargen dy't der besteane oer de regels, seit Brok. "Wy binne ree om mei eltsenien te praten."

Goeie petearen

"Wij lopen niet weg voor deze ingewikkelde situatie", seit fraksjefoarsitter Natalie Nauta no. "We hebben de afgelopen dagen veel goede gesprekken over gevoerd, ook met boeren en direct betrokkenen."
De suggestje fan de provinsje om yn gearwurking mei de sektor te sykjen nei duorsume juridyske oplossings sjocht de BBB as in hânrikking.
Yn dy oanpak moat neffens de partij wol sjoen wurde nei belied dat ûnderskied makket nei tylten, de middels dy't brûkt wurde, de lokaasjes en de wize wêrop de middels brûkt wurde.
Ofbylding as yllustraasje
© Omrop Fryslân
De diskusje oer de gewaaksbeskermingsmiddels is net teoretysk, sa ûnderstreket de BBB.
It giet om de fraach oft boeren noch by steat binne om harren gewaaks te beskermjen tsjin syktes en pleagen.
As dat net mear mooglik is, kin in folsleine rispinge ferlern gean.
Boeren en telers mogen niet in onzekerheid blijven zitten of bang hoeven zijn voor de brievenbus.
Fraksjefoarsitter Natalie Nauta fan de BBB
De BBB jout fierder oan dat de bouboeren al jierrenlang dwaande binne om it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels safolle mooglik te beheinen.
"We moeten vasthouden aan realisme, feiten en rechtszekerheid", ornearret Nauta.
"Boeren en telers mogen niet in onzekerheid blijven zitten of bang hoeven zijn voor de brievenbus. Wij willen samen met alle betrokken partijen werken aan een oplossing die juridisch houdbaar is én recht doet aan de praktijk op het erf."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.