Omrop Fryslân

Minder gif, mear risiko: proef mei duorsume ikkerbou jout hoopfolle útkomsten

Gerlof Bergmans makket de spuitmasine klear mei in middel tsjin de skimmel phytophtora
© Omrop Fryslân
Fiif ikkerbouwers doarden it oan: in proef om minder lânbougif te brûken. Oer it geheel sjoen binne de resultaten posityf. Allinnich helpt in jier mei in soad rein net mei foar goede resultaten sûnder pestisiden.
It kin hiel goed, buorkje sûnder pestisiden. Allinnich hat dat al konsekwinsjes, seit ikkerbouwer Ytzen Pieter van der Werff fan Aldebiltsyl.
"Bij 'n jaar met min weer kin de oogst teugenfâle en dat kin betekene dat d'r meer betaald worre mot foor dat produkt."

Dermei ophâlde is 'noch' gjin opsje

Van der Werff is ien fan de dielnimmende ikkerbouwers. De proef rint no goed twa jier en út in tuskentiidske evaluaasje docht bliken dat it goed mooglik is minder gemyske bestridingsmiddels te brûken.
Der folslein mei ophâlde is no noch net fuort in opsje foar de 'gangbere', dus net biologysk wurkjende boeren.
De fjildspuit wurdt klearmakke om te brûken.
© Omrop Fryslân
"Eltse boer is dwaande mei it minderjen fan it brûken fan pestisiden", seit Gerlof Bergmans. Hy is sels ikkerbouwer en sit yn it bestjoer fan de Nederlandse Akkerbouwers Vakbond, de NAV.

Djoerder as goud

"De bestridingsmiddels binne djoer. Guon sitte hast op de priis fan goud. Boppedat wurkje se ek net mear sa goed as yn it ferline."
Foar Bergmans is it dan ek logysk om minder middels te brûken.
"Wy tinke ek om ús lân. De djoere middels hearre ek net yn de sleat, mar op it gewaaks. We ha der neat oan de grûn, dêr't wy de kommende hûnderten jierren op buorkje wolle, fersmoargje."

De proef

Provinsjale Steaten ha 7 ton beskikber steld foar de proef. Dat jild kin brûkt wurde foar alternative wizen om gewaaksen te beskermjen.
Foarich jier slagge it de dielnimmers om de miljeubelesting mei 95 persint sakje te litten. De opbringsten wienen yn de measte gefallen genôch, yn ien gefal mislearre en in oar min.
Van der Werff is in realist. At hy neat brûkt is de kâns grutter dat de rispinge mislearret.

Laser wurket net altyd goed

By Sint Anne gie it mis mei beanen. It apparaat dat luzen fuortlaserde, wurke net tsjin de beanemich. Krekt dat bist taast de woartels en it sied oan.
"At d'r te min produseerd wort, importere wij 't. Wille wij dat? Is d'r genog te eten? Mînsen hewwe bovendien de mônd fol fan bioloochys eten, maar at 't op de beurs ankomt, is 't 'n ânder ferhaal."
Van der Werff wrakselt mei de byldfoarming. Hy is sels altyd al dwaande mei it sa goed en miljeufreonlik wurkjen as mar kin.
Gerlof Bergmans bespuitet de jirpels mei in middel tsjin de skimmel phytophthora
© Omrop Fryslân
Ien fan de konklúzjes út de tuskentiidske evaluaasje is dat sa'n proef net sûnder subsydzje kin.
Bergmans: "Dat kloppet. Wy binne as 'gangbere', dus net biologyske ikkerbouwers, ôfhinklik fan de wrâldmerk. Dus at de kostpriis omheech giet, rinne wy jild mis."
Mar, sa seit Bergmans, dat betsjut net dat it nea sûnder gemyske middels kin.
"Nee, perfoarst net. Der is noch genôch mooglik mei ynnovaasje. Der wurdt wurke oan lasers dy't ûnkrûd bestride, robots dy't wjudzje. Der is in soad mooglik."
Boppedat, en dêr lizze beide Bergmans en Van der Werff de klam op: at it sûnder gemyske middels kin wurdt dat fuort dien.

Griene fersekering

De provinsje komt no ta de konklúzje dat boeren faak spuitsje om ferlies fan rispinge foar te kommen. Dat is dus net needsaaklik, sa skriuwt de provinsje.
Se wolle sjen oft it mei oare provinsjes en drinkwetterbedriuwen mooglik is in fersekering op te setten foar boeren dy't minder spuitsje. At de rispinge dan ôffalt kinne de ikkerbouwers kompensearre wurde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.