Provinsje wol minder bestridingsmiddels, boeren krije jild om te eksperimentearjen

Ferkleure lânbougrûn
Ferkleure lânbougrûn © ANP
De provinsje Fryslân wol dat boeren minder bestridingsmiddels brûke. Om dêrmei te eksperimentearjen kinne se jild krije. Yn de súbsydzjepot sit 60.000 euro.
De regeling past yn it belied om it brûken fan middels foar it bestriden fan túch, ynsekten, skimmels en sykten ôf te bouwen.
Boeren en leanwurkers kinne mei in oanfraach maskimaal 10.000 euro krijje om in alternatyf te betinken wêrby't sa min mooglik gemyske stoffen brûkt wurde.

Ofbouwe yn hiel Fryslân

Neffens deputearre Friso Douwstra is it tige wichtich foar eltsenien yn Fryslân. "It betsjut ek dat wy op de beweging nei ôfbouwen fan it gebrûk yn hiel Fryslân oantrúnje. It giet dan bygelyks om in bewustwurdingskampanje foar húshâldens."
Brún greidelân troch lânbougif
Brún greidelân troch lânbougif © Omrop Fryslân, Feike Wouda
Bestridings- en beskermingsmiddels wurde op ferskate plakken brûkt. Sa binne der middels tsjin algegroei op hout, anty-wjirmmiddels foar húsdieren en gif tsjin muzen en rotten. Se binne wettelik tastien, mar kinne skealik wêze foar planten, bisten en minsken.