Leeljekweker baalt: "Wij zitten in het verdomhoekje, dat is niet terecht"
Tredde generaasje bollekweker Koos van der Avoird fan De Lemmer fynt it spitich dat de leeljetylt ûnder fjoer leit fanwege it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels.
"We brûke al folle minder middels, mar de diskusje wurdt allinne mar hurder", seit hy.
De 39-jierrige Van der Avoird hat it fak mei de brijleppel ynjûn krigen. Hy groeide op tusken de bollen, yn it bedriuw fan syn heit en syn omke.
Syn famylje begûn ea yn de Noardeastpolder, mar fêstige him ein jierren 70 fan de foarige iuw ek oan de Grietenijdyk, flakby de A6. Yn 2012 naam er de saak oer.
Van der Avoird is spesjalisearre yn tulpen en leeljes, mar ferbout ek sipels. Hy hat tolve minsken yn fêste tsjinst.
Al jierren hat er te krijen mei it negative imago fan de leelje, fanwege de gewaaksbeskermingsmiddels dy't brûkt wurde by de tylt. En dêr kin er him noch altiten drok oer meitsje. Want hy fynt it net terjochte.
Minsken witte it net
Foaropsteld: Van der Avoird stiet altiten iepen foar it petear. It stiet selfs op de webside fan it bedriuw: de kofje stiet klear en minsken kinne in rûnlieding krije as se dat wolle.
Mar dat hy en syn kollega-leeletylders nettsjinsteande dat bytiden ôfskildere wurde as misdiedigers, dêr kin er net oer. Want, seit er, minsken witte net wêr't se it oer hawwe. "Het is pure onwetendheid."
Foar de tylt fan leeljes binne - krekt as by oare gewaaksen - beskermings- of bestridingsmiddels needsaaklik. Want gean mar nei: as it wiet en waarm waar is, is der kâns op skimmel en rot.
Dêrnjonken binne gewaaksen fretten foar luzen, miten en rûpen. En der lizze baktearjes en firussen op 'e loer.
Ast dat allegear gewurde litst, bliuwt der net folle oer. En soe der gjin hannel yn sitte. En slimmer, as it giet om gewaaksen dêr't we fan ite: dan soene der te min ierappels wêze, of sipels, of koal.
Noed oer genôch iten
De leeljetylder fan De Lemmer is in realist. Hy kin syn brea net mei leeljes fertsjinje, as er gjin gewaaksbeskermingsmiddels brûkt. Van der Avoird hat net genôch opbringst as er de natuer syn gong gean lit.
It frustrearret him dat minsken dat net sjogge, of sjen wolle. Hy fynt dat de media dêr in belangrike rol yn spylje. "Door wat kranten schrijven en wat in talkshows wordt besproken zit de lelie in het verdomhoekje. Maar als de lelieteelt weg is, komt er een ander gewas waar ze zich op richten."
En dat is ek wol dêr't syn noed oer de takomst yn sit: de wissichheid oer dat der genôch iten is foar elk. As it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels ôfskaald wurdt, giet dat ta skea fan de gewaaksen, seit er.
Dat betsjut minder opbringst, minder iten en hegere prizen. Van der Avoird hat it gefoel dat minsken dat net goed genôch yn de gaten ha. En dat soe wol moatte, fynt er.
Hy is skeptysk oer biologyske tylt. "We gaan de spuit dan nog veel vaker zien dan nu", seit er.
Want planten ha no ien kear lêst fan sykten en pleagen en dus sille je dy bestride moatte, ek al is it mei biologyske middels.
Neffens Van der Avoird is it net dúdlik wat der krekt yn dy middels sit. Want yn tsjinstelling ta de gongbere tylt hoege net-gemyske middels net goedkard te wurden troch it College voor de toelating van gewasbeschermingsmiddelen en biociden (Ctgb) foardat se op de merk komme.
"Misschien zitten er wel stoffen in die schade kunnen aanrichten", seit er.
Bioferskaat
Wat minsken ek lang net altiten yn de gaten ha, is dat blombolletylt bydraacht oan de fiedselwissigens en dêrmei oan it bioferskaat, heakket er deroan ta.
By leeljes is sprake fan wikseltylt. Nei ien of twa jier leeljes komt der op itselde stik lân in oar gewaaks.
De leeljebol soarget troch syn wize fan woarteljen foar in luchtige boaiemstruktuer dêr't ierappels bygelyks fan profitearje, seit Van der Avoird. Hy wiist derop dat in sûne boaiem fan grut belang is foar syn bedriuw.
Ik word afgeschilderd als misdadiger.
En hy fynt it moai om dêr mei dwaande te wêzen. Sa plantet er tagetes (afrikaantsjes) op in stik grûn dêr't ieltsjes yn sitte, dy't skealik binne foar bollen. Dy plantsjes skiede in stof ôf dêr't de ieltsjes fan dea geane: in miljeufreonlike manier om fan pleachbisten ôf te kommen.
Sjoen as in misdiediger
De diskusje oer de leeljetylt lit him net kâld. It stekt him dat net sjoen wurdt hoe't de sektor syn bêst docht.
Der wurde de lêste jierren al folle minder gewaaksbeskermingsmiddels brûkt as wol west hat. Mar it kostet tiid om middels te ûntwikkeljen dy't minder skealik binne. Dochs wurdt de diskusje hurder. "Dat voelt oneerlijk."
It slimste fynt er noch dat minsken yn syn eagen tsjin him en syn kollega's opset wurde. "Ik word afgeschilderd als een misdadiger."
Misledigjende reaksjes
Dat byld, dat neffens him dus mei feroarsake wurdt troch de media, bepaalt ek hoe't guon minsken yn syn omjouwing nei him sjogge.
Hy fertelt hoe't er ris in kear yn Gaasterlân dwaande wie mei it nimmen fan grûnmeunsters, om te sjen oft it lân geskikt wie foar de leeljetylt. "Er kwam een mevrouw naar me toe en ze zei: 'Mijn man heeft Parkinson en dat komt door jou!'"
It minne imago wjerhâldt Van der Avoird der net fan om foarearst troch te gean mei de leeljetylt. Hy wiist op in proef fan trije jier dy't er dien hat mei bollen dy't firusresistint binne en dy't mei oare as de gongbere middels behannele wurde.
Minder gewaaksbeskermingsmiddels
Dizze en ek oare proeven wize út dat leeljetylt mooglik is mei minder gewaaksbeskermingsmiddels. De tylt stiet dêrmei op itselde nivo as ikkerbougewaaksen, wat it brûken fan de middelen oanbelanget. "Dat geldt nu al voor de helft van ons aanbod en die trend willen we doorzetten."
Van der Avoird hopet dat de diskusje mei dy ûntjouwingen dan breder fierd wurdt as allinne mar mei it each op de leeljes. It soe dan gean moatte oer middelegebrûk by alle lânbougewaaksen.
De sektor is dus drok dwaande mei ferduorsuming en dat is nijsgjirrich en útdaagjend om mei dwaande te wêzen, fynt Van der Avoird.
Want úteinlik is der foar him neat moaiers as de leelje: "Ze ruiken ten eerste heel lekker. Zeker ook de bollen. Als je aan de oogst begint, dan komt de lucht van de bollen in de schuur... Ja, daar word ik heel blij van."