Omrop Fryslân

Jaring hellet nettsjinsteande syn beheining alles út it libben

Jaring Melchers
© Omrop Fryslân
Hy rint mei in rollator en praat mei in brokkelige stim. Net oanberne harsenskea is dêr de oarsaak fan. Mar sa gau as hy yn de roeiboat sit, begjint Jaring Melchers te strielen. "Roeie is goed foar alle spieren yn myn lichem!"
Jaring roeit sneons by roeiferiening Aengwirden fan it Hearrenfean. In groep fan tolve leden giet by toerbeurt mei him it wetter op. Hjoed binne dat Irene en Eduard Hamburger.
"De roeibeweging is yngewikkeld foar him, mar de basisbeweging hat er goed, en dêrmei giet it goed", fertelt Eduard Hamburger.
"Der moat wol altyd ien mei him mei, allinne soe net kinne. It giet noait gelyk by Jaring, je moatte je oanpasse oan wat hy docht."
Jaring hat in soad nocht oan wer te roeien
© Omrop Fryslân
It libben fan Jaring Melchers (40) fan Tsjerkgaast feroaret dramatysk as hy sân jier âld is. Hy komt thús yn 'e buert fan de pleats ûnder in auto.
De dokters jouwe him net folle kâns. Jaring leit yn koma, mar hy komt der út. Wol hâldt hy der harsenskea oan oer.

Sterker troch sporten

Jaring is in trochsetter mei in hiel soad kriich. Wat hy yn 'e holle hat, set hy ek troch. En foaral ek it sporten, it fysyk dwaande wêzen, helpt him dêrby.
"Ik bin folle sterker wurden, folle stabiler. Mar ek selsstanniger, alles giet better", sommet hy op.
De fjirtiger wennet no op him sels yn Ljouwert yn in hûs foar minsken mei net-oanberne harsenletsel, mei soarch tichteby.
Jaring yn it sikehûs nei syn auto-ûngelok
© Omrop Fryslân
In pear dagen yn 'e wike giet Jaring mei de scootmobyl nei de Bosk fan Ypey, dêr't hy ûnderhâldswurk docht.
"It giet soms ek wol min, mar ik tink dan oan wat ik berikt ha en hoe sterk ik yn it libben stean. En dat net ien itselde ferhaal as ik ha."
As je hiel posityf binne, dan wurdt it negative lyts yn je holle en dan oerhearsket it goede gewoan.
Jaring Melchers
By de roeiferiening priizgje se Jaring syn hâlding. "Hy is hiel posityf, en altyd hiel tankber. Dan dochst it ek graach foar him", seit Irene Hamburger. "Hy soe neat mear kinne, en no stiet er hjir! Dat is gewoan wilskrêft, dat is sa motivearjend."
Irene en Eduard Hamburger roeie mei Jaring
© Omrop Fryslân
"Omdat de minsken om my hinne ek posityf binne", ferklearret Jaring syn ynstelling.
"As je hiel posityf binne, dan wurdt it negative lyts yn je holle en dan oerhearsket it goede gewoan!"
Neffens Eduard is Jaring ek hiel sosjaal. "Hy mei graach grapkes meitsje. En ast him oan de praat hâldst, wat ôfliedst, tinkt er minder oan syn 'gedoch', en eigentlik giet it roeien dan automatysk."

Goud op de Special Olympics

Neist de Feanster feriening, roeit Jaring ek noch ien kear yn 'e wike by de Grinzer studinteroeiferiening Gyas. Alle woansdeis reizget hy dêr mei de trein hinne.
"Dêr sit ik no al mear as 12,5 jier by. Ferline jier bin ik dêr noch foar huldige. Giet allegear hiel leuk", glunderet Jaring.
Yn 2012 skopt Jaring it sels ta de Special Olympics Netherlands yn Den Bosch, dêr't hy goud hellet mei it roeien.
De gouden medalje fan de Special Olympics 2012
© Omrop Fryslân
Neist it roeien is Jaring ek in fytser.
"Ik wol foar mysels hiel goed wurde. Ik ha fiif kear de Alvestêden fytst, fiif kear de Princenhoftocht en fiif kear de Alve Marretocht. Der is net ien dy 't sa 'n ûngelok hân hat en dat sizze kin. Ik fyn dat dochs wol hiel knap."

Nochris in freondinne?

Mar Jaring docht it net hielendal foar himsels. "Ik wol dat as ik letter in freondinne krij, dat se grutsk op my wêze kin."
Tagelyk is hy dêr net sa optimistysk oer. "In freondinne... dy sjogge dochs altyd nei it bêste fan it bêste, en dat bin ik net. Mar it soe in dream wêze, it soe geweldich wêze. Ik hoopje it."
Sjoch hjir nei de HEA!-reportaazje oer Jaring Melchers:
Jaring helle nettsjinsteande syn beheining alles út it libben

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.