Omrop Fryslân

Margot makket muzyk mei har eagen: "Ik droom dat ik vaker kan optreden"

Margot Verschuure
© Omrop Fryslan
"Hallo, ik ben Margot, ik ben 35 jaar en ik hou van lekker winkelen en gezellig kletsen met mijn vriendinnen." In freonlike frouljusstim út in kompjûter seit de wurden dy 't Margot Verschuure út Ljouwert sels net útsprekke kin.
Margot hat cerebrale parese, in bewegingsstoarnis troch harsenletsel dat ûntstien is troch in gebrek oan soerstof by har berte.
De jonge frou kin net sels prate, is slim spastysk, en sit yn rolstoel. Se wennet yn in gesellich appartemint yn in wenfoarm foar minsken mei net-oanberne harsenletsel.

Tobii praat foar Margot

Margot kommunisearret troch middel fan stimkompjûter Tobii dy 't se mei har eagen oanstjoerd.
De Tobii stimkompjûter is oan de rôlstoel fan Margot fêstmakke
© Omrop Fryslan
Tobii hat twa ynboude kamera's dy 't har eachbewegings sjogge. Margot sjocht nei de letters op it skerm en de kompjûter typt se op en sprekt de wurden út.
"Zo kan ik met Tobii alles zeggen. Ik kan er ook mee op het internet, Facebook en WhatsApp. Kortom alles wat anderen kunnen met een laptop."
Tobii typt de wurden foar Margot op en sprekt se út
© Omrop Fryslan
Muzyk betsjut in soad foar Margot. Se lústeret der graach nei, mar giet ek graach nei optredens ta. Se wurdt der rêstich fan en rêstige nûmers fynt se ek it moaiste.
"En ik wilde mijn hele leven zelf al muziek spelen, alleen kon dat nooit", fertelt har Tobii foar har.
Op skoalle Lyndensteyn fan Revalidatie Friesland yn Beetstersweach krige se ien kear yn 'e wike muzykles. Mar se koe sels net echt meidwaan omdat der doe noch gjin muzykprogramma's mei eachstjoering wiene.

Kontakt mei Grykse muzyklearaar

Nettsjinsteande har beheining lit Margot har net gau ergens fan ôfhâlde. Fia in stichting dy 't minsken mei in beheining helpt muzyk te meitsjen komt se yn kontakt mei de Gryk Zacharias Vamvakousis.
Hy is de betinker fan Eyeharp, in muzykprogramma dat wurket mei eachbestjoering. En sûnt 4 jier kin se no ek sels muzyk meitsje.
Margot krijt alle freeds in oere online muzykles fan Zacharias fan it Grykske eilân Kreta ôf.
Zacharias jout online muzykles op de Eyeharp
© Omrop Fryslan
In pianopingeltsje klinkt troch it appartemint. De grutte brune eagen fan de jonge frou begjinne te skitterjen. Zacharias meldt him op it skerm dat oan har rolstoel befêstige sit.
"Hello Margot, how are you? Everything good?", ynformearet de muzyklearaar. En dan begjinne se de les mei it oefenjen fan it lêste ferske dêr't se op studearre hat.

Muzyknoaten yn alle kleuren

Margot sjocht nei in grutte skiif dy 't ferdield is yn kleurde taartpunten. Eltse kleur is in noat. C is bygelyks read en A is blau.
Eyeharp lit de muzyknoaten mei ferskillende kleuren sjen
© Omrop Fryslan
"Ik leer een liedje eerst door mee te spelen met de pijltjes die de volgende noot aanwijzen en dat probeer ik te onthouden. Hoe moeilijker het liedje, hoe langer ik moet oefenen."
"Als ik het goed kan doe ik de pijltjes uit, en dan moet ik het zonder hulp spelen", leit Margot it systeem fan de Eyeharp út.
Myn missy is sjen litte dat minsken mei in beheining dochs muzyk meitsje kinne.
Zacharias Vamvakousis is de betinker en makker fan muzykprogramma Eyeharp
Eyeharp kin fan alderhande ynstruminten spylje, Margot spilet foaral fluit, gitaar, trompet en fioele, mar fioele fynt se wol it moaiste.
"Okay, very nice!", lit Zacharias op it byldskermke witte, hy is hiel tefreden oer syn learling. "Margot is in hurde wurker, se spandearret in hiel soad tiid oan oefenjen. Dat bewûnderje ik, se hat talint!"
De Gryk is ôfstudearre yn muzyktechnology, en spilet sels akkordeon. Zacharias makke de software foar Eyeharp nei 't in freon in slim ûngelok hân hie en net mear musisearje koe.

Muzykles oer de hiele wrâld

Yntusken jout Zacharias les oan 12 studinten út ferskillende lannen, allegearre online. Hy traint ek oare muzykleararen om de Eyeharp-technology te learen, sadat safolle mooglik minsken mei in beheining berikt wurde kinne.
Margot oefenet alle dagen wol in oere
© Omrop Fryslan
"Yn Nederlân bespilet ûngefear 25 prosint fan de minsken wol in ynstrumint, mar foar minsken mei in beheining is it miskien mar ien prosint dy't in ynstrumint bespylje kinne", tinkt de Gryk.
"Myn missy is dat te feroarjen. Ik wol sjen litte dat minsken dy 't troch in beheining harren hannen net brûke kinne dochs muzyk meitsje kinne!"
Ik vind het belangrijk dat mensen mij zien, wie ik ben en niet mijn handicap!
Margot Verschuure wol net beoardiele wurde op har beheining
De muzyklearaar sjocht ek de positive effekten dy 't it jout. "Se krije mear selsfertrouwen en it bringt sosjale kontakten."
Zacharias hat alris yn Rotterdam west en doe mei Margot optreden, se ha twa nûmers spile.

Gjin help by nedich

Margot is ek hielendal wei fan muzyk meitsjen mei Eyeharp. "Ik vind het zo leuk omdat ik niemand nodig heb om me te helpen, ik kan alles lekker zelf doen. Daar hou ik van."
En dat is wichtich foar Margot, want fierder hat se hast by alles yn har libben help nedich. "Maar ik voel mij niet gehandicapt. Behalve als mijn rolstoel of mijn Tobii stuk is. Dan voel ik pas mijn handicap."
Margot wennet yn in gesellich appartemint yn Ljouwert
© Omrop Fryslan
Yntusken oefenet se alle dagen in oere op Eyeharp. In nûmer fan de populêre sjongeres Taylor Swift stiet no op har repertoire.
"Mijn droom is dat ik vaker kan optreden met andere mensen die ook muziek spelen. Ik vind het belangrijk dat mensen mij zien, wie ik ben en niet mijn handicap!"
Sjoch hjir de HEA!-reportaazje oer Margot en Zacharias dy 't op de Eyeharp spylje.
Margot makket muzyk mei har eagen

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.