In nagelnij alvetal foar sc Hearrenfean: "Ik weet nog niet of ik wel ga scoren"
In nagelnij alvetal foar sc Hearrenfean
"Bij SC Joure heb ik nog nooit gescoord, maar hier weet ik het nog niet." Keimpe skat syn kânsen by sc Hearrenfean noch foarsichtich yn. Mar hy hat der wol in hiel soad nocht oan om foar sc Hearrenfean yn de Bijzondere Eredivisie te spyljen.
Keimpe is ien fan de spilers foar it nije G-alvetal fan sc Hearrenfean. De jonges en ien famke tusken de 10 en 18 jier spylje aanst in lanlike kompetysje tsjin teams fan ûnder oare Cambuur, AZ en Emmen.
De Bijzondere Eredivisie is bedoeld foar bern mei in ferstanlike of lichaamlike beheining dy't derfan dreame om út te kommen foar harren favorite fuotbalklup.
Hjoed wurdt it team yn it Abe Lenstrastadion offisjeel presintearre oan de parse en de grutske âlders. Der wurdt in kontrakt tekene, se krije offisjele tenu's en fansels wurdt in alvetalfoto makke mei it earste alvetal fan sc Hearrenfean.