Dizze man is al 25 jier de Hearrenfean-maskotte Heero
"We begjinne mei in maskotte, en we tinke oan dy!" Sa wurdt Hendrik Pasveer 25 jier lyn benadere troch kommersjeel manager Henk Hoekstra fan sc Hearrenfean foar de rol fan Heero.
Pasveer (55) stiet dan noch yn de klupwinkel en is reklameskilder yn it stadion. "Ik woe it eins net. Mar ik sit der no noch altyd yn!"
By alle thúswedstriden fan de fuotbalklup krûpt Hendrik yn it pak fan maskotte Heero, de altyd laitsjende fuotballer mei de fikinghelm op.
Heero moediget de spilers oan, swypket it publyk op, dielt hantekens út en giet mei elts dy 't it wol op de foto. En dat no al in fearnsiuw lang.
Praatsje mei de bûnscoach
Pasveer genietet fan it wurk. "Je komme oeral, sjogge ek achter de skerms, moetsje in hieleboel bysûndere minsken en artiesten. En dan sitst ynienen mei Jeroen van der Boom of Nick & Simon yn de klaaikeamer."
"Mar ik ha ek wolris út iten west mei de stêf fan de KNVB, en dan makkest samar even in praatsje mei de bûnscoach."
It fernuveret Hendrik sels somtiden ek wol. "Ik ha wolris in eigen klaaikeamer, en dan is der bewaking by. Fernuverje ik my oer, ik bin skilder en dan ha je twa man foar de doar te stean!"
Ien fan de hichtepunten yn syn karriêre is wol de Champions League-wedstriid fan Hearrenfean tsjin AC Milan yn 2008.
Ronaldinho
"Ik waard ophelle troch de materiaalman fan AC. Hy gebare en dwaan, moast ik meikomme nei de klaaikeamer. En dêr sieten se, de grutte stjerren. Ik moast nei Ronaldinho ta en mei him op de foto. En mei Maldini."
"Dat fûn ik hiel bysûnder. Normaal komme je ek net yn de 'fijanlike' klaaikeamer."
It wurk as maskotte is net allinne mar moai. It is betiden ek in hiel waarm putsje yn it wollen pak.
"Ik ha it wolris hân, doe wie it tsjin de 30 graden. Goaiden se my fleskes wetter yn 'e nekke om ôf te kuoljen." Dan liket it hast mis te gean.
"It mocht net bekend wurde wa't yn it pak siet. Op in gegeven momint waard ik hartstikke waarm, en dêrnei iis- en iiskâld. Doe ha se my der rap úthelle!"
Ik hie earst de rits achter op de rêch, dan kinst der sels net iens útkomme.
It Heero-pak hat fan binnen in skomrubberen opfulling. "It is echt wol hiel hyt. Ik mei der mar in healoere yn."
Strak yn it pak
It pak hat op Hendriks oanwizings ek al wat feroarings ûndergien. "Ik hie earst de rits achter op de rêch, dan kinst der sels net iens útkomme."
"No ha ik losse wanten, it pak bestiet út twa dielen en de stikken dy'tst net sjochst, binne wat tinner as de rest."
De makker fan de maskottepakken wol der earst net oan, mar Hendrik hâldt fol. "Letter seach ik oare pakken dy't hy ek oanpast hie sa't ik it betocht hie. Hie ik patint op oanfreegje moatten, haha!"
Trije koppen
Mei syn 25 jier tsjinst is de reklameskilder de langst meirinnende maskotte yn de Earedivyzje. Heero hat yn dy jierren wol wat ferskillende koppen hân. De maskotte is basearre op in stripfiguer.
De earste waard makke yn Ingelân. "Dy is mar in pear jier meigien. Doe ien dy't makke wie troch in pear jonges út Grins, mar dat wie net in sukses."
De hjoeddeistige Heero docht al wer ferskate jierren tsjinst. "Mei de útdrukking op dizze kop bin ik wol tefreden!"
Neist Heero krûpt Hendrik ek wol yn oare maskottepakken, lykas Thialfi fan iisstadion Thialf of yn dy foar it NOC*NSF.
Ophâlde nei 25 jier is noch net oan de oarder. "Ik hie earst soksawat fan, no is it wol klear. Mar elkenien seit: 'do bist Heero, it past by dy!'. En myn frou, dy't it pak altyd wasket, seit ek: 'Je hebt er nog aardigheid aan'."
Noch fiif jier
Ek út de klup wei wurdt der in berop dien op Hendrik om it pak noch net yn de kast te hingjen. "Se soene it fijn fine as ik der yn elts gefal noch fiif jier by doch. Dus ik ha sein: ik gean earst noch wol even troch!"