Albertje fan njoggentich noch achter de bar yn de fuotbalkantine: "Misschien heb ik wel ADHD"
"Albertje is cultureel erfgoed, ze is hier niet weg te denken!" Achter de bar yn de kantine fan VV De Blesse heart Albertje de Voort-Pen it komplimint laitsjend oan. Njoggentich jier is se, en al mear as 50 jier frijwillich foar de fuotbalferiening yn 't spier.
Doe't har soan Hans acht jier wie en begûn te fuotbaljen, waard Albertje frege om ek wat te dwaan foar de klup. En no, 52 jier letter, is se der noch altyd.
Trije kear yn 'e wike - moandeitemoarns, freedtejûns en sneintemiddeis - skinkt se mei fleur kofje en doppet se de fleskes bier yn de kantine.
"Ik ben begonnen in een klein hokkie daar, waar nu de tribune staat. Er stond een kacheltje en ik verkocht alleen maar koffie, thee en fris. Als ik een keer 80 gulden inbeurde op een zondag was dat veel."
Fielt as thús
Yn al dy jierren hat se hiel wat foar de klup dien, fan it waskjen fan de fuotbalshirts en -broekjes oant it skjinmeitsjen fan de kantine. En fansels it barwurk.
"Ik vind het nog steeds leuk, anders deed ik het niet. En het is een fijne club. Ik voel me hier thuis, omdat ze me ook allemaal kennen."
Yntusken is de training fan it twadde dien. De jongemannen komme stadichoan binnendrippeljen en de earste fleskes bier wurde doppe. Albertje hat hielendal gjin muoite mei it grutte leeftiidsferskil mei har 'klanten'.
"En zij niet met mij. Ik zeg wel eens: jullie hebben natuurlijk ook liever een mooie jonge meid achter de bar? Nee hoor, we willen jou echt niet kwijt zeggen ze dan."
Nettsjinsteande har hege leeftiid hat Albertje noch altyd in drok bestean. "Maar dat vind ik leuk. Ik ben het liefst bezig. Ik heb het programma voor de hele week alweer klaar."
Neist it wurk foar de fuotbalklup siedt se alle dagen iten foar in slim sike skoandochter, is krekt wer los mei it foarjiershúshimmeljen en ûnderhâldt in foliêre mei kanarjes.
"Eén dag in de week doe ik helemaal niks, nou ja, niet aan het werk. Maar straks als de tuin weer komt..."
Misschien was het wel ADHD, maar dat had vroeger geen naam.
Hoe't it kin dat se noch sa sûn en aktyf is, begrypt Albertje soms sels ek net.
Of dochs wol. "Bij het kaarten van de week zeiden ze: 'ik snap het niet, ik wou het nou niet meer!' En toen zei ik: 'Weet je waarom ik 90 geworden ben? Door het vele werk!' En toen waren ze stil hoor."
ADHD?
"Dokter zei altijd dat ik te veel energie had, dat zal het wel wezen. Misschien was het wel ADHD ofzo. Maar dat had je vroeger niet. Het bestond wel, maar dat had geen naam."
It is gesellich yn de kantine. Om de stamtafel sitte wol in man as 15. "Ik ga door tot een uur of elf, kwart over elf", seit de barfrou. "Ik kijk niet op een kwartier als ze gezellig zitten. Ach, neem er nog maar één, zeg ik dan."
Frou De Voort tinkt noch net oan ophâlden. "Zolang als ik nog kan. Ik voel het toch zelf wel?"
De mannen fan VV De Blesse drage Albertje op hannen en passe goed op har. "Ze wachten wel op mij, ruimen de boel hier straks weer op en fietsen met me mee naar huis. Ik moet wel langs een stukje bos hè? Maar ze zijn allemaal lief!"
Sjoch hjir nei de reportaazje dy't HEA! makke fan 90-jierrige kantinefrou Albertje:
HEA! Kantinefrou Albertje