Doede en Anneke hast 50 jier yn it fotofak: "Dy âlderwetske manier fyn ik noch altyd it moaist"
"De holle in bytsje tichter nei de frou. En wolle jim elkoar oansjen?" Fan achter syn kameralens jout fotograaf Doede de Vries oanwizings nei it âldere stel dat foar him posearret.
Syn frou Anneke sjocht oer it skouder noch even kritysk mei nei de komposysje. It pear is nei de fotosaak fan De Vries yn Balk kaam foar in moaie foto foar op in útnûging. Want hoewol't Doede de Vries al 78 jier is, makket hy noch altyd portret- en pasfoto's.
Dêrmei binne Doede en Anneke (75 jier) de âldste middenstanners fan Balk. Harren fotosaak oan de Van Swinderenstraat bestiet al 48 jier.
Oan ophâlden tinkt De Vries noch net. "Ik hoopje it noch in pear jier fol te hâlden. Oer twa jier fiere we ús 50-jierrich trouwen en dan bestiet it bedriuw ek 50 jier. Dan hâlde we grut feest!"
Goudsmit
Begjin santiger jierren wurket Doede noch by in goudsmid yn Snits. Omdat hy al mei fotografy dwaande is, freget dy smid him om foto's fan de gouden sieraden te meitsjen. Dan kinne de fertsjintwurdigers dêr tenei mei op 'n paad en net mei de kostbere sieraden sels.
Stadichoan krijt De Vries mear foto-opdrachten. De earste breidsreportaazje is fan de brulloft fan syn buorfamke. En sa begjint it baltsje te rôljen. De foto's ûntwikkelet hy sels yn de doka yn de skuorre achter syn hûs yn Rûgehuzen.
Leafde op de iisbaan
De hiele Súdwesthoeke wurdt it wurkgebiet fan de fotograaf, en ek foar de Balkster krante komt fan alles op de foto, fan sportwedstriden oant wurkjubilea.
As hy ris in kear mei de reedriders Eppie Bleeker en Jappie van Dijk nei de iisbaan fan Grins is te fotografearjen, krijt hy Anneke yn it fizier. Se is dêr om har suske, de koartebaanrydster Sophie Westenbroek, oan te moedigjen. Doede en Anneke krije ferkearing en trouwe yn 1977.
De gemeentesekretaris fan Gaasterlân-Sleat attindearret it jonge pear op it pân oan de Van Swinderenstrjitte, dat se foar 1 (!) gûne oernimme kinne. En op 23 desimber 1977 is Fotospeciaalzaak De Vries in feit.
Elkenien makket foto's op de telefoan, se drukke neat mear ôf.
Yn al dy jierren is der hiel wat feroare yn it fotofak. Dêr't Doede en Anneke earst sels noch de filmroltsjes ûntwikkelen en ôfdrukten hat de digitale fotografy it hielendal oernaam.
"Ergens fyn ik dy âlderwetske manier fan in filmke ûntwikkelje en ôfdrukke noch altyd it moaist, mar it is wol bewurklik", fertelt Doede.
Digitale revolúsje
"Yn de analoge tiid stiene we tegearre jûns noch wol oeren te wurkjen om de boel ôf te drukken, soms wol 30 of 40 roltsjes op in dei", follet Anneke oan.
De digitale revolúsje hat foar folle minder omset soarge, mar gelokkich kaam dy pas op gong doe't se al AOW krigen. "Elkenien makket foto's op de telefoan, se drukke net mear ôf. Mar it wurk is no noch in moaie oanfolling op ús pensjoen."
Ik bin net ien fan gau fuortgoaie, de histoarje moat ek in bytsje bewarre wurde.
Achter yn de saak hat De Jong in kolleksje fan wol 400 âlde fotokamera's te stean. En ek syn hiele foto-argyf yn negativen is bewarre. "Ik bin net ien fan gau fuortgoaie", seit hy.
"De histoarje moat ek in bytsje bewarre wurde. It binne foto's fan Alvestêdetochten, fan fuotbaljen, en dy't ik foar de Balkster Courant makke ha. Faaks wol Tresoar it letter wol ha."
Trochgean
De fotosaak is noch trije dagen yn 'e wike iepen. Fotoroltsjes wurde der noch wol ferkocht, mar net mear ûntwikkele. Doede makket pasfoto's en docht ynlistwurk. Anneke helpt foaral achter de skermen mei it kompjûterwurk en de boekhâlding.
"We wenje by de saak, en we wolle hjir eins wol wenjen bliuwe. Dus dan geane we mar gewoan wat troch", seit Anneke.
Foaral it kontakt mei de minsken fynt Doede noch sa moai. "We sitte dan foar de saak bûten lekker nei alle drokte op de dyk te sjen. We ha der ek altyd in ekstra stoel by stean, dan kin der samar in prater oanskowe."
Sjoch hjir de reportaazje dy't HEA! makke oer de fotosaak fan Doede en Anneke de Vries:
De fotosaak fan Doede (78) en Anneke (75) yn Balk hat in lange skiednis