HEA! Harm de Jong is 'spikerolooch'
HEA! Spikerman Harm de Jong
Konsintrearre lûkt Harm de Jong mei de achterkant fan in hammer âlde spikers út in planke. De âld-postboade fan Rotsterhaule docht it putsje foar in houthannel.
De Jong begûn oan spikerlûken as tiidferdriuw nei't hy yn in rôlstoel terjochte kaam. Hy hat der al 130.000 spikers út helle.
De 81-jierrige De Jong hat it net sa troffen mei syn sûnens. Hy mist in skonk en hie trije jier lyn in tumor yn syn kaak. Dêrtroch is syn gesicht ferfoarme.
Mar dochs bliuwt De Jong posityf yn it libben stean. "It spikerlûken is myn terapy, ik bin al in echte 'spikerolooch'."