Omrop Fryslân

HEA! Blyn fertrouwen

HEA! Blyn fertrouwen
Sûnder keunst is hy neat. Jan van der Meulen (88) skilderet noch alle dagen, ek al sjocht hy hast neat mear. De Burgumer hat gjin idee wat hy makket. Hy skilderet op gefoel.
Van der Meulen is al 58 jier keunstner en in libben sûnder skilderjen is gjin opsje foar him. Hy bliuwt dwaande en alle dagen is der by him de oandrang om skilderijen te meitsjen. Fierders kin Jan ek net folle, want hy is oan hûs bûn fanwege syn minne sicht.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.