HEA! It kleurrike libben fan Harm Kasma

HEA! Kasma
Harm Kasma fan Tsjummearum is in kleurrike, artistike en kreative man. De hast 80-jierrige is amateur-skilder. Hy makket it leafst portretten fan minsken en bisten en jout se fergees fuort. Hy fynt it moai om minsken bliid te meitsjen.
Kasma hat yn syn libben in soad meimakke. Hy hat fjouwer kear troud west, en is no widner fan syn lêste frou. Hy is posityf ynsteld en makket fan alle dagen wat moais. Hy is wol allinnich, mar net iensum. Harm is ek muzikant, hat famylje, jout skilderles, wurket yn de tún, docht oan yoga en is mantelsoarger.