Omrop Fryslân

Dokkum set bern oan it wurk, want de bou kin wol wat hantsjes brûke

Ien fan de boufakkers yn spee
© RTV NOF | Demi Hoekstra & Anne-Marije Reitsma
Yn Dokkum is in bouplak iepene dêr't allinne mar bern oan it wurk binne. It is net samar in bouplak: op dizze pop-up 'BouwBase' kinne learlingen yn 'e kunde komme mei de bou.
"Dokkum is een omgeving waar veel gebouwd wordt en gaat worden. Ook zit hier zit een belangrijke bouwopleiding", fertelt Criss Roemers, direkteur fan Toekomstbouwers Friesland, in oplieder fan faklju yn de bou.
Roemers hat de BouwBase nei Dokkum helle en socht de gearwurking mei lokale bedriuwen op.

Mitselje en dakpanlizze

De bedoeling is dat jongelju by BouwBase it fak kennen leare yn de praktyk. Tink oan mitselwurk, it lizzen fan dakpannen en it oanlizzen fan in ôffier.
"Ook kunnen ze in de directiekeet een wijk ontwerpen of een woning tekenen. Ze leren hier zowel door te doen als door te denken", leit Roemers út.
Dat is wichtich, om't der krapte yn de sektor ferwachte wurdt. "De leerlingenaantallen nemen af en er gaan veel mensen met pensioen, dus er stroomt een hoop kennis uit."
Op dit stuit binne der sa'n 60.000 fakatueren yn de technyk. Dêrom kin de sektor nij boutalint goed brûke.
Evelien en Robina binne twa fan de wurklju op de BouwBase. Sy binne dwaande mei it oanlizzen fan in ôffiersysteem. Nei wat útlis fan de ynstrukteur giet it hieltyd better.
"Het is net een soort puzzel en ik vind het best goed gaan", fertelt Evelien.
Beide froulju sjogge wol wat yn it fakgebiet, al soe Robina wol wat mear yn 'e rjochting fan it houtwurk wolle. "Echt de basis om de huzen te meitsjen. "

Tsien wiken

It pop-up bouplak stiet noch tsien wiken yn Dokkum. Yn de kommende tiid komme der noch sa'n 1.000 bern út de gemeente Noardeast-Fryslân del.
"Ik hoop dat als de kinderen thuiskomen, ze zeggen: ik heb de mooiste les van mijn leven gehad, veel leuker dan in de schoolbanken", seit Roemers.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.