Omrop Fryslân

De elektromonteurs fan de takomst komme út De Legeaën: “Moai man”

Roel mocht bouten draaie: "Dan bliuwt it goed fêst"
© Omrop Fryslân
Tsientallen bern mei helms op en oranje heskes oan drave twa grutte, blauwe seekonteners yn en út. Yn dy konteners leare se alles oer stroom, kabeltsjes, steuringen en sekeringen.
"Dit is yn elts gefal better as op skoalle sitte", seit in jonkje laitsjend. "Bytsje bouten fêstdraaie, moai man."
It jonkje is mei syn klasgenoten fan groep 7-8 fan Mienskipsskoalle De Legeaën op besite by it heechspanningsstasjon yn oanbou by Boalsert.
De kommende tiid kinne bern dêr op tiisdei yn 'e kunde komme mei alle foarmen fan elektrotechnysk wurk.
Groep 7-8 fan Mienskipsskoalle De Legeaën út Sibrandabuorren mocht dizze wike delkomme
Wylst de bern ferskate proefkes dogge, giet op 'e achtergrûn de bou fan in nij heechspanningsstasjon gewoan troch.
De belangstelling foar in besite oan it heechspanningsstasjon yn Boalsert is grut.
Binnen oardel wike wie it programma oant de simmerfakânsje folboekt. Foar de perioade dêrnei binne der noch in pear plakjes oer.

Virtual Reality

Bern komme yn'e kunde mei nije techniken en ferskate aspekten fan de enerzjytransysje.
"We hiene krekt in bril op mei virtual reality", seit in famke. "Dat wie fet. Krekt as sietest boppeyn in wynmûne."
De bern krije útlis oer elektrotechnyk
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Net allinich de bern fan groep 7-8 fan Mienskipsskoalle De Legeaën binne entûsjast, ek harren ûnderwizers en de ynstrukteurs fan it heechspanningsstasjon ha in moaie dei.

Technolab

"Gewoanwei jouwe wy les op skoallen. Dizze lokaasje is ek foar ús unyk", seit Johannes de Vries fan Technolab. Sy organisearje it technykûnderwiis op ferskate skoallen yn Súdwest-Fryslân.
De proefkes wurde útfierd yn dizze seekonteners
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"Foar de bern jout dit in hiele oare belibbing en in hiele oare sfear oan dy lessen. Se rinne hjir alle wiken mei in laits op it gesicht, prachtich."

Steurings oplosse

De bern moatte in steuring oplosse, heechspanningsferbinings meitsje en in meterkast ynstallearje. Allegear mei itselde materiaal dat de boufakkers op it bouterrein oan de oare kant fan it stek ek brûke.
As ik ien of twa fan dizze bern oer in pear jier werom sjoch as kollega's op 'e boupleats is it wat my oanbelanget al slagge.
Sietze Dijkstra fan inisjatyfnimmer SPIE
It nije heechspanningsstasjon wurdt oanlein troch it bedriuw SPIE.
"We litte de bern yn 'e kunde komme mei itselde materiaal en itselde ark as dat we op de boupleats in pear meter fierderop brûke", leit Sietze Dijkstra fan SPIE út.

Technysk persoaniel

De noed om technysk persoaniel is grut, en sil yn de takomst allinnich mar tanimme, sa is de ferwachting.
Wêr soe hjir de steuring sitte?
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"It giet ús der yn earste ynstânsje om dat bern witte dat se ek de kar foar de technyk meitsje kinne", seit Johannes de Vries.
Sietze Dijkstra follet oan: "As ik ien of twa fan dizze bern oer in pear jier werom sjoch as kollega's op 'e boupleats is it wat my oanbelanget al slagge."

5.000 bern

"It liket my wol wat", glimket in jonkje dat deryn slagge is om in lampke brâne te litten. "Moai wurk. Al tink ik wol dat it echte wurk dreger is, want dit fûn ik wat te maklik."
Hidde en Timen hiene in geweldige dei
© Omrop Fryslân
De inisjatyfnimmers wolle de kommende jierren noch trochgean mei de lessen.
It doel is dat tsjin dy tiid minimaal 5.000 bern in besite brocht ha oan it bysûndere klaslokaal.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.