Omrop Fryslân

Wêrom hat David Attenborough (hjoed 100) nea yn Fryslân west? "Skande, hy hat noch in kâns"

Theunis Piersma (links) en Sir. David Attenborough
© Omrop Fryslân
Telefyzjepresintator Sir David Attenborough is hjoed 100 jier wurden. Yn 'e ôfrûne sân desinnia hat er de wrâld yn 'e kunde komme litten mei biste-ekology, natuer en biodiversiteit.
Fryske trekfûgelekolooch Theunis Piersma jout syn blik op Attenborough en syn ynfloed.
Attenborough hat ús de skjintme sjen litten fan ûnder oare it Amazônegebiet, de oseanen, de jungles yn Afrika en Azië en de poalgebieten.
Oft Attenborough dan ek in soad ynfloed hân hat op Piersma syn ekologyske wurk? "Nul. Nee, hielendal neat."
"Ik bin wol in bywûnderder fan him, hy is in belangryk figuer. Mar miskien net sa foar ekologen", tinkt Piersma.
Waadfûgels
© Jan van de Kam
"It Waad, dêr hat er noait wat mei dien, wylst dat wol like spektakulêr is", heakket er ta.
As it om de Fryske kontekst giet, dan tinkt er gau oan immen oars: "Douwe van der Ploeg hat in folle wichtiger man west as David Attenborough foar de wrâld hjir."
Theunis Piersma
© eigen foto
Boppedat hoechst neffens Piersma foar skitterjende natuer net perfoarst de wrâld oer. It waadgebiet stiet neffens him net foar neat op de UNESCO-wrâlderfgoedlist.
It plak foar fûgels as de reade skries, bûnte gril, strânljip, rotgoes en sulverkob. Yn it wetter libje boppedat ferskate soarten fisk en seehûnen.

De wrâld oer

Piersma hat sels fjirtich jier mei waad- en greidefûgels. Syn wurk brocht him oer de hiele wrâld. Hy wurke ûnder oare gear my ekologen út Australië en Sina.
"Dan sjochst in soad fan de wrâld, krekt as Attenborough, en komst mei in soad ferhalen thús."

Libben fan Sir David Attenborough

Attenborough is in biolooch en telefyzjemakker mei in karriêre fan mear as santich jier. Hy hat hast de hiele wrâld bereizge om de natuer yn byld te bringen.
Syn earste grutte searje wie 'Zoo Quest' yn 1954. Resinter wurke er ek oant projekten tichter by hûs, lykas 'Wild Isles' en 'Wild London'. Yn totaal wurke er mei oan mear as hûndert dokumintêres en searjes.
Yn syn bertelân it Feriene Keninkryk en dêrbûten is dizze wike in soad omtinken foar syn wurk en erfenis. Freedtejûn wurdt in spesjale fiering holden yn 'e Royal Albert Hall yn Londen, dy is te sjen op BBC 1.
Attenborough is net allinnich bekend fan syn manier om aktuele ynformaasje foar te lizzen mar ek de wize dêr't er de natuer mei omskriuwt. "Hy kin fansels in fantastysk ferhaal fertelle", seit Piersma.
Hoewol't de 100-jierrige Britske biolooch (noch) noait yn Fryslân west hat, kin Piersma him wol foarstelle hoe't er it Waadgebiet omskriuwe soe: "Alle reizgers fan de kusten fan Afrika binne hjir wolkom, om oan te sterkjen en har dêrnei wer fierder te stjoeren nei it poalgebiet", sa docht er yn in Britske aksint Attenborough nei.
Waadfûgels yn 'e loft
© Jan van de Kam
Njonken it Waadgebiet binne der yn Fryslân genôch bysûndere bisten dêr'tst de telefyzje net foar oan hoechst te setten.
Op it plattelân rinne ûnder oare deimen, Skotske heechlanners en koniks. Yn 'e loft sweve swannen en earnen.
Op pleatsen, neist Fryske hynders en kij, fynst de typyske Fryske hûnerassen: de wetterhûn en de stabij.
"No yn Fryslân, dizze tiid fan it jier, is it natuerlik fantastysk", ferfolget Piersma. "Fûgels komme werom út it suden, troch nei it noarden. Kinst in hiel soad belibje troch gewoan bûten te wêzen."

Net altyd rys mei rezinen

Attenborough hat de lêste jierren mear omtinken jûn oan tema's as miljeubewustwêzen en plestikfersmoarging.
Dat omtinken foar de kwetsbere kant fan 'e natuer kin Piersma wurdearje. "Dy problemen binne fansels net nij. Hy hat him de lêste tsien jier wol mear útsprutsen. Mar in protte ekologen fielden dat al folle earder."
De grutte emoasjes dy't hy yn dy films bringt, belibje ik suver hast elke dei.
Trekfûgelekolooch Theunis Piersma
Wylst Piersma wol respekt hat foar Attenborough syn ferhaalfertellen, is er der sels minder ûnder de yndruk: "Ik fyn it fermoeiend datst altyd de hiele wrâld oersleept wurdst. Hjir, en dan wer dêr."
Folle leaver docht er sels de learzens oan en giet de natuer yn.
"De kombinaasje fan dingen meimeitsje bûten en tagelyk grutte petroanen belibje, is prachtich. Hiel Attenborough-achtich: de grutte emoasjes dy't hy yn dy films bringt, belibje ik suver hast elke dei."
Waadfûgels op it wetter
© Jan van de Kam
Hoewol't Attenborough syn ynfloed op it fakgebiet fan 'e ekology neffens Piersma beheind bliuwt, set de Ingelskman him der noch altyd foar yn om de wûnderen fan 'e natuer op tagonklike wize nei ús skermen ta te bringen.
Piersma bliuwt derby dat er it skande fynt dat Attenborough nea nei Fryslân ta kommen is. Mar, wat net is, kin noch wurde: "Dan moat er mar 110 wurde", laket Piersma. "Dan hat hy noch in kâns."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.