Omrop Fryslân

Undersyk: hiele lânbou moat duorsumer om de skries te rêden

In jonge skries yn it fjild
© Shutterstock.com (Gertjan Hooijer)
De hiele lânbou moat folle duorsumer wurkje om de skries te rêden. Allinnich ynsette op greidefûgelgebieten is net genôch. Dat is de wichtichste konklúzje fan fiif jier ûndersyk nei de skries oan de Iselmarkust en yn de skriezekrite Idzegea.
De resultaten fan dat Grutto Landschap Project waarden freedtemiddei presintearre yn Koudum troch professor Theunis Piersma en oare ûndersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen en it Ljouwerter ûndersyksynstituut Birdeyes.

'Kanarje yn de koalemyn'

Piersma hat al langer de oertsjûging dat de lânbou op in oar, duorsumer, spoar fierder moat. Mar der binne no ek ûndersyksresultaten dy't dat stypje.
Dy omslach is net allinnich nedich foar it fuortbestean fan de skries. Neffens de ûndersikers is de skries in soarte fan 'kanarje yn de koalemyn': in warskôging dat der wat mis is yn it lânskip en dat feroaring nedich is foar it wolwêzen fan ús allegearre.

Minder ynsekten

Foar it Grutto Landschap Project is jierrenlang ûndersyk dien nei ynsekten, dêr't skriezepiken sterk fan ôfhinklik binne. Dat ûndersyk fûn net allinnich plak yn Fryslân, mar ek yn Dútslân.
"Dy ynsekterykdom wurdt hieltyd lytser en lytser", seit professor Piersma.
"Wy hawwe dat mar foar in part mjitte kinnen, mar as je ús resultaten ferlykje mei lange mjitseries yn buorlannen, dan is dúdlik dat der al lange tiid sprake is fan in weromgong."
Dat is neffens Piersma ek te sjen by oare fûgels dy't fan ynsekten libje, lykas sweltsjes.
Ynsekteûndersyk foar it Grutto Landschap Project
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn goed behearde greidefûgelgebieten slagget it skriezen noch wol om piken grut te bringen. Dat is posityf, en der is sels in lichte groei fan de populaasje.
Mar der sit ek in kwetsbere kant oan. "De piken binne relatyf licht fan gewicht", seit Piersma. "Se rêde it noch mar krekt."
Dat makket de piken ekstra kwetsber. Omdat se net genôch fretten fine, moatte se fierder en langer sykje. Dêrmei nimt de kâns ta dat se proai wurde fan rôfbisten.

Probleem spilet yn it hiele lânskip

It ûndersyk lit sjen dat de delgong fan ynsekten net allinnich yn de greidefûgelgebieten spilet, mar yn it hiele lânskip.
Dy beskerme gebieten binne boppedat mar in lyts part fan it gehiel: "mar tweintich prosint fan 'ús lân' is greidefûgellân", follet Piersma oan.

Behear greidefûgelgebieten net genôch

"Alles wat der yn in reservaat bart, wurdt beynfloede troch wat der omhinne bart," leit Piersma út.
"As der bygelyks maislân leit, yntinsyf gerslân of as de grûn omsetten wurdt of as der gif spuite wurdt, dan hat dat ynfloed. Predatoaren komme boppedat ek út dat yntinsive gebiet wei."
Dat betsjut neffens Piersma dat it behear fan allinnich lytse greidefûgelgebieten net genôch is.
Theunis Piersma
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Neffens de ûndersikers wurdt it behear binnen de greidefûgelgebieten al hiel goed dien. It echte probleem sit yn it lân dêromhinne, leit Piersma út. "Yn hoe't wy op grutte skaal buorkje."
Projektlieder Jos Hooijmeijer joech by de ôfsluting fan de presintaasje in konkreet foarbyld:
By in briedkoloanje blauwe rigers yn de Rysterbosk binne ûndersyksrinkjes fûn dy't de skriezepiken om de poatsjes drage. Dat wiist derop dat de rigers de skriezepiken opfretten ha.
Dy piken kamen út in greidefûgelgebiet by Koudum, tsien kilometer fierderop. Dat lit sjen hoe fier oft predatoaren har bewege tusken greidefûgelgebieten en it omlizzende lânskip.

Wat docht it folseine lânskip?

It is maklik om de rigers dêr de skuld fan te jaan, mar neffens Hooijmeijer soe it folle better wêze as dy fûgels ûnderweis, yn it gewoane boerelân, genôch fretten fine koene.
Dat is ek presys wêr't dit ûndersyk foar bedoeld wie: net allinnich sjen nei wat der binnen de greidefûgelgebieten bart mei de skriezen, mar nei it funksjonearjen fan it hiele lânskip.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.