Hoe krije wy wer mear skriezen yn Fryslân? By Jorwert ha se dêr wol ideeën oer
Boeren doelen meijaan om de greidefûgelnatuer te ferbetterjen, it klimaat te beskermjen of it wetter skjinner te krijen; en har dêr dan ek foar te beteljen. Dêr fiele se wol wat foar yn en om de Leonserpolder tusken Jorwert en Leons.
Mei in djoer wurd wurdt dat ek wol 'doelstjoering' neamd. Dat konsept wol it regear ek brûke om boeren sa fier te krijen dat se minder stikstof útstjitte.
'Grutto Aanvalsplan'
Boppedat kin it helpe om it 'Grutto Aanvalsplan' in sukses te meitsjen. Dat seit foarsitter Pieter Zondervan fan de Natuerkoöperaasje Baarderadiel.
Syn leden binne foar in wichtich part aktyf yn 'e Leonserpolder tusken Jorwert en Leons. Dat is in saneamd 'Grutto Aanvalsplan'-gebiet dêr't Natuurmonumenten en de Natuerkoöperaasje elts sa'n 150 bunder greidefûgelnatuer behearre.
"It is ien fan ús bêste greidefûgelgebieten", seit boskwachter Bauke Dijkstra fan Natuurmonumenten. Dat hat foar in wichtich part te krijen mei de gearwurking mei de boeren, de grutte fan it gebiet en omdat it lân by de lêste lânynrjochtings net te 'modern' makke is. Dat pakte dizze drûge maitiid ek goed út.
Dijkstra: "Wy ha de mooglikheid yn 'e measte fan ús polders om wetter ûnder frij ferfal yn te litten. Wêr't dat net kin pompe wy dat meastentiids op mei sinnepanielen, pompen of wynmûntsjes. Wy ha sa it wetter yn dit gebiet frij heech hâlde kinnen."
"Sechstich prosint grut wurden"
En dat docht fertuten. "Hjir op de 150 bunder dy't wy ha hiene wy sa'n 120 span skriezen te brieden. En dêr is sa'n sechstich prosint fan grut wurden, wat wy telt ha."
"Mar troch al it lân deromhinne fernimme je ek dat de skriezen it lân útlûke nei de perselen dy't de boeren behearre", sa seit de boskwachter. It totaalbyld is der dus noch net. Mar dúdlik is dat it grutte ferskaat oan leefgebieten wol helpt.
Dêr tekenet Pieter Zondervan fan de natuerkoöperaasje noch wol by oan dat it mei de ljip in stik minder goed gong. Al leit dêr sa ein juny noch wol in broedsje fan in wol hiele lette ljip. Boskwachter Dijkstra hat dêr in wyldkamera by set.
Fertsjinmodel
No komt takom jier in soad ekstra jild fan it Ryk foar agrarysk natuerbehear. De wize wêrop't je boeren temjitte komme foar it helpen fan greidefûgels, makket wol út.
"Dat fertsjinmodel is fansels in diskusje dy't noch wol breder is as dat. Wy hawwe alderhanne fergoedings dy't eins in soarte fan kostenfergoedings binne, mar in fertsjinmodel is wat oars", fynt Zondervan.
Provinsjaal wurdt praat om dy ynset breder te lûken nei wetterkwaliteit en klimaatspulregels: "Dat je sjogge hoe't de boer dêr oan bydrage kin en dêr yn 'e takomst úteinlik ek jild mei fertsjinnet."
Eksperiminten rinne al. Dat is mar goed ek, want neat dwaan is eins gjin opsje, fynt Zondervan.
"Net goed genôch"
"It Nasjonaal Programma Lânlik Gebiet is ferline jier trochhelle. Al de opjeften dy't dêr yn sieten binne der noch wol en dat paad sille wy mei ús allen de kommende jierren noch wol rinne."
Nettsjinsteande it fuortfallen fan it NPLG (Nationaal Programma Landelijk Gebied) wol Zondervan trochpakke. "Wy wolle wy foarútgean. Oars hâlde wy allinnich yn stân wat wy hawwe en dat is mooglik net goed genôch."