Fûgelwachters meie foar ûndersyk jierliks 160 skrieze-aaien meinimme
Wa't yn de maitiid te aaisykjen giet, mei de fynsten net hâlde. De aaien lizze litte is al jierren de regel. Mar in lyts groepke fûgelwachters mei de kommende jierren 160 aaien fan skriezen meinimme.
It is in iuwenâlde tradysje yn Fryslân, mar ek dêrbûten: de fjilden yn om ljipaaien te sykjen. Oait mochten je dan ek de aaien meinimme, mar dat is no al jierren ferbean.
Dochs mei in groep saakkundige fûgelwachters de âlde tradysje no in beheind ferfolch jaan. Sy meie, as ûnderdiel fan in nij wittenskiplik ûndersyk, 160 aaien fan skriezen út it fjild helje op plakken dêr't de kâns op briedsukses lyts is.
It ûndersyk, ûnder lieding fan ynstitút Birdeyes út Ljouwert, rjochtet him op de oerlibbingskânsen fan skriezepiken.
Fragen
Tweintich jier oan skrieze-ûndersyk yn it súdwesten fan Fryslân makket dúdlik dat de ynset op it grut krijen fan piken krúsjaal is foar it opheinen fan de skriezestân.
In de eerste veertig dagen van hun leven zijn gruttokuikens het meest kwetsbaar.
Om dat effektyf dwaan te kinnen, sykje wittenskippers noch wol nei antwurden op guon fragen.
Hoe reagearje skriezepiken op rôfbisten? Wat ha sy nedich om grut te wurden? En hoe krije je jonge skriezen safier dat sy weromkomme nei in gebiet mei foldwaande fretten?
Fretten foar skriezepiken en de risiko's dat piken sels opfretten wurde, binne ek de twa wichtichste saken dy't bepale oft in skriezepyk grut wurdt, sa docht bliken út dat eardere ûndersyk.
Yn it nije ûndersyk stiet it beäntwurdzjen fan fragen dêroer sintraal. Der binne rûchwei twa ûndersyksspoaren: it iene is ûndersyk nei hoe't skriezepiken yn it wyld grut wurde, it oare is sjen nei hoe't skriezepiken yn in mear beskerme omjouwing grut wurde.
Foar dat lêste binne 160 aaien yn it jier nedich dy't de fûgelwachters fan it Bûn Fryske Fûgelwachten ophelje meie.
Wat jonger, wat kwetsberder
"In de eerste veertig dagen van hun leven zijn gruttokuikens het meest kwetsbaar", fertelt projektlieder Jos Hooijmeijer fan Birdeyes. "Ze zijn onder andere afhankelijk van voldoende en bereikbaar voedsel."
"Als alle insecten te hoog in de vegetatie zitten, dan heeft een kuiken er niets aan. In een open en gevarieerde vegetatie kan een kuiken goed uit de voeten en vindt het dekking bij gevaar."
Proeffjilden
Dat risiko fan predaasje wurdt útskeakele yn it ûndersyk nei de piken dy't út de 160 aaien komme. Dêrfoar wurdt gearwurke mei fûgelpark Avifauna yn Alphen aan den Rijn dêr't se in soad ûnderfining ha mei it útbrieden en fersoargjen fan jonge fûgels.
Avifauna lit de skrieze-aaien yn in konstante, regulearre omjouwing útkomme en begeliedt de piken by de earste libbensdagen oant sy sterk genôch binne om oerdeis yn proeffjilden achter in stek te libjen.
Dy oanpak hat in grut foardiel, want ûndersikers kinne dêrmei soarchfâldich observearje wat der yn de earste dagen en wiken fan it noch jonge skriezelibben gebeurt.
Undersikers wage de piken eltse dei en sy bringe de ynsektestân yn elts proeffjild yn kaart. Ut wat de piken útpoepe docht dêrnei bliken wat sy opfretten ha.
Gjin fokprogramma
Boppedat leare de ûndersikers mear oer de grinzen en mooglikheden fan it saneamde 'headstarting', it útsetten fan fûgels dy't yn finzenskip grut wurde binne. Yn Grut-Brittannië dogge se dat om de skriezepopulaasje te fersterkjen.
Demisjonêr steatssekretaris Jean Rummenie fan Natuer is dêr posityf oer.
Mar dat leit hiel gefoelich, want wurdt dit ûndersyk dan net de oanset nei in fokprogramma? "Wat mij betreft niet", seit Hooijmeijer.
Hy wiist derop dat fokprogramma's benammen dien wurde by populaasjes dy't op útstjerren stean. "Laten we hopen dat dat met onze grutto's zo ver niet komt."
Net foar it earst
It is ek net foar it earst dat dizze ûndersikers skrieze-aaien útbriede. Dat is earder dien om út te finen oft it trekgedrach fan skriezen oanleard is of dat sy dermei berne wurde.
Ien part fan dy skriezen is gewoan yn Fryslân loslitten en in oar part yn Poalen, dêr't ek in lytse skriezepopulaasje sit, mar dy't in hiele oare trekrûte nei it suden hat.
Omdat de fûgels in stjoerder meikrigen hiene, koene ûndersikers sjen hokker rûte oft se namen. Ek de jonge skriezen fan dit nije ûndersyk wurde nei ôfrin gewoan frijlitten.
De wylde piken wurde ek ûndersocht yn harren natuerlike omjouwing, dêr't rôfbisten en fûgels wól in konstante bedriging binne.
Sadree't de piken út it aai komme, krije se in hiele lytse radiostjoerder mei. Dêrmei kinne de ûndersikers de kondysje fan de piken folgje en achterhelje hoe't sy dearekke binne. Foar dat lêste wurde dronesaakkundigen fan it BFVW ynset.
Hooijmeijer: "Blijven de gruttokuikens op gewicht? Dan is het aannemelijker dat hun overleving sterk afhangt van predatierisico's." Ek wurdt dúdlik hoe de piken reagearje at der rôfbisten en fûgels tichtby binne.
Krekt foardat sy fleane kinne, wurde de radiostjoerders ferfongen troch in satellytstjoerder. Hooijmeijer: "We gaan kijken hoe beide groepen kuikens zich gedragen na het uitvliegen, welke gebieden hun voorkeur hebben voordat ze Nederland verlaten en of ze terugkeren naar geschikte leefgebieden."
Brede oanpak
It folsleine ûndersyk duorret fiif jier, it ministearje fan LVVN betellet it en is opdrachtjouwer. Dit ûndersyk is ek ûnderdiel fan in bredere oanpak om de skries en oare greidefûgels te helpen.
De Europeeske kommisje trunet dêr ek op oan. Njonken it BFVW en Avifauna dogge de Rijksuniversiteit Groningen, ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga en de Universiteit van Amsterdam mei oan it ûndersyk.