Theunis Piersma ropt op: "Jou wittenskippers de tiid foar goed ûndersyk"
Jou ûndersikers de romte om de natuer foar in langere perioade te ûndersykjen. Dy oprop die de Fryske trekfûgelprofessor Theunis Piersma.
Dit is neffens Piersma net allinnich wichtich foar de takomst fan de natuer sels, mar ek omdat de sûnens fan de natuer ynfloed hat op ús eigen sûnens.
Piersma ropt mei oare ûndersikers op om de wittenskip dy tiid ek te jaan en net allinnich foar de koarte termyn te gean.
Foar goede wittenskip moatst oanhâlde as storein; it kostet tiid.
It wie it sintrale tema fan in sympoasium oer de fyftich jier dat Piersma fûgelûndersyk docht.
Mei in soad oare ûndersikers die hy jierren achter elkoar ûndersyk nei ûnder oare de mients, de reade skries en in ferskaat oan oare waad- en greidefûgels.
Dat ûndersyk is noch folop geande, mar it wie net altyd maklik om sokke ûndersiken oan 'e gong te hâlden.
Tiidrek
It liket allinnich mar dreger te wurden, sa seit Piersma.
"Gek genôch sitte wy yn in tiidrek dêr't de koartamigens foar master opslacht en men de oanstriid hat om dit soarte fan folholden waarnimmingen troch yntergenerasjonele groepen mar ôf te kapjen."
No't hy mei pensjoen giet, soe dit sa'n momint wêze kinne, seit Piersma.
"Want dan binne wy fan dizze man en fan dat wurk ôf. Dit sympoasium is ûntstien út in groep dy't lykas as ik waarmrint foar dit soarte fan ûndersyk."
"Ik bin fansels harstikke bliid dat dy minsken der binne en der binne ek in soad fan."
It is net allinnich Piersma syn noed oer de takomst fan syn ûndersyk; der is in breder ferlet. Hy krijt dêrby stipe út ûnferwachte hoeke.
De lanlik ferneamde firolooch Marion Koopmans spruts har hjir ek foar út op Teksel.
It sympoasium wie by it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) op it eilân dêr't Piersma as ûndersiker lang oan ferbûn wie.
Ek al giet hy no mei pensjoen en wie freed it ôfskied: Piersma bliuwt aktyf as wittenskipper.
Klimaatferoaring
Under ynfloed fan de klimaatferoaring en in ferearming fan it bioferskaat is de wrâld hurd oan it feroarjen.
Dat sjogge Koopmans en oare wittenskippers ek en dat hat gefolgen foar harren wurk.
"Wat wij zien, is dat we steeds vaker met nieuwe infectieziekten te maken krijgen", seit Koopmans. "Iedereen kent de pandemie nog, maar er zijn ook kleinere voorbeelden."
"Het heeft te maken met hoe wij omgaan met de wereld om ons heen. Er is nu een hele nieuwe manier van denken die zegt: de gezondheid van mensen, dieren en omgeving is onlosmakelijk met elkaar verbonden."
"Wil je nadenken over en werken aan de gezondheid van mensen of dieren in de toekomst, dan moet je het hele systeem gezamenlijk bekijken."
"Dan is het heel belangrijk dat we langdurige methoden hebben om te kijken wat er aan de hand is in de natuur."
Dat wurdt ek wol de 'One Health-oanpak' neamd.
Firologen wurkje dêrby gear mei ekologen, want fûgels kinne sykten by harren drage dy't gefolgen hawwe kinne foar minsken.
Wichtige termometer
De fûgels dy't Piersma al 50 jier ûndersiket, kinne neffens him ek op in oare wize in wichtige termometer wêze om eat te sizzen oer ús wrâld.
"Geregeld sjochst saken dy't ús net opfalle", seit er.
"Fûgels binne spesjalisten dy't op in spesifike wize om harren hinne sjogge. Wy ûntdekke saken troch nei de fûgels te sjen dy't we oars noait sjoen hiene."
Dat dwersferbân is hieltyd makliker te meitsjen, jout de Waad- en trekfûgelekolooch oan. "Dat hat te krijen mei de technology dy't we hawwe om fûgels te folgjen."
Piersma is ûnder oare ferneamd wurden troch de ynset fan lytse stjoerderkes om fûgels lykas de skries, de reade skries en de leppelbek op harren trektocht te folgjen.
Oanhâlde as storein
Dy technology stiet net stil en wurdt bygelyks folop ynset foar it projekt Waakvogels, wêrby't ferskate fûgelsoarten folge wurde.
Goede wittenskip is in proses fan 'e lange azem: guon patroanen wurde pas dúdlik ast lang in finger oan 'e pols hâldst.
Sa stie op Teksel bygelyks in ûndersiker op it poadium dy't al mear as 30 jier deselde fûgelsoart folget.
Dêrmei hawwe de ûndersikers foar trochbraken soarge, seit senior-ûndersiker Allert Bijleveld. Hy wurket in soad gear mei Piersma.
"Waar Theunis de afgelopen tien jaar een lans voor heeft gebroken, is dat het niet alleen puur over genen gaat", seit Bijleveld. "Genen zijn niet één op één te vertalen naar wat die vogels doen."
"Het gaat vooral om de interactie tussen genen en omgeving en om de continue terugkoppeling daartussen gedurende de ontwikkeling, die heel bepalend is voor die dieren. Het heeft een hele brede kijk opgeleverd in de ecologie."
It slút oan by de wichtichste les dy't Piersma leard hat. "Fûgels lykje folle mear op ús as wy tinke."
"Myn libben lang haw ik wurke as wienen fûgels in soart masinen."
"Dat binne mienskipsfûgels"
"Wat wy no sjogge, is dat fûgels yn it sykjen nei oplossingen foar problemen itselde dogge as de minsk. Se reagearje net as masinen."
"Fûgels organisearje harren as mienskip, it binne mienskipsfûgels. Der wurdt praat, deliberearre, der wurde saken besocht."
"It is eins in hiel kultureel ferskynsel dêr't wy nei sjogge. Dat ynsjoch komt ek omdat wy yndividuele fûgels sa prachtich folgje kinne fia bygelyks de webside Global Flyway."