Geweld brûkt tsjin plysje nei Cambuur - Vitesse, ien relskopper ferwûne
By de opskuor nei ôfrin fan de wedstriid SC Cambuur - Vitesse is freedtejûn ien persoan ferwûne rekke.
De ûngeregeldheden brutsen út oan de ein fan de wedstriid, dy't yn de 87ste minút definityf staakt waard.
Dêrnei sochten supporters fan de Ljouwerter klup bûten it stadion de konfrontaasje mei de plysje. Aginten waarden bekûgele mei fjoerwurk, stiennen en fytsen. Ek waard der in plysjewein fernield.
Boppedat ûntstie der in gefjocht tusken supportersgroepen fan beide klups. Hjirby rekke ien persoan ferwûne, dy't nei it sikehûs brocht is foar behanneling.
Rellen nei Cambuur - Vitesse
It is net dúdlik by hokker klup oft dizze persoan hearde. Wol is dúdlik dat de bussen fan de Arnhemmers skansearre út Ljouwert fuortgien binne.
Undersyk
It ûndersyk nei de opskuor yn en om it stadion is yntusken begûn, meldt de plysje. Der wurdt gearwurke mei SC Cambuur. De klup stelt kamerabylden beskikber om te helpen mei it ûndersyk.
Tsjûgen wurde frege harren te melden by de plysje.