Omrop Fryslân

KNVB: Cambuur-Vitesse wurdt net útspile, einstân bliuwt 2-1

Rellen by Cambuur-Vitesse
© Dijks Media
De minuten dy't noch op de klok stienen doe't de wedstriid Cambuur-Vitesse definityf staakt waard, wurde net útspile. Dat hat it kompetysjebestjoer fan de KNVB bekend makke.
De einstân fan it duel is dêrmei ek definityf 2-1. De KNVB feroardielet it gedrach fan de Vitesse-supporters: "Dit gedrag is niet alleen verboden en gevaarlijk, maar staat ook haaks op waar voetbal voor hoort te staan", skriuwt it fuotbalbûn yn in reaksje.
"Degenen die zich hieraan schuldig maken, komen niet voor het voetbal of de wedstrijd. Ze duperen de echte supporters en spelers die moeten wachten tot er weer gevoetbald kan worden. Daarom worden daders opgespoord en flink gestraft."
De ME fierde ek bûten it stadion ferskate sjarzjes út om de rêst werom te bringen. De bussen fan de Vitesse-supporters riden om 23.00 oere hinne fuort út Ljouwert.
Lês hjir it bloch oer de wedstriid werom:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.