Duel tusken Cambuur en Vitesse nei 87 minuten definityf staakt (2-1)
Cambuur hat de lêste wedstriid fan haadtrainer Henk de Jong mei 2-1 wûn fan Vitesse. It duel waard twa kear staakt fanwegen fjoerwurk dat út it Vitesse-fak wei goaid waard rjochting de oanhing fan de Ljouwerters. De wedstriid wurdt net útspile, de einstân is definityf makke troch it kompetysjebestjoer.
It moast in feestlike jûn wurde foar Cambuur, dat ôfskied naam fan ferskate spilers, trainer Henk de Jong en tagelyk ek noch de feteranewedstriid spile mei in spesjaal shirt.
It begûn freedtejûn sfearfol, mar de wedstriid wie fan it begjin ôf fûl. De beide ploegen wienen yn it earste part fan de wedstriid lykweardich oan inoar, mar der waarden in soad oertrêdingen makke en skiedsrjochter Van den Kerkhof dielde in grut oantal giele kaarten út.
Vitesse op foarsprong
Ta grutte kânsen kamen beide teams lange tiid net. Oant de 42ste minút, doe't Naoufal Bannis de 0-1 makke foar de ploech út Arnhem.
It duorre yn de twadde helte net lang foar't Cambuur op likense hichte kaam. Ut in frije traap makke oanfierder Mark Diemers de 1-1.
Fuort dêrnei gie it foar de earste kear mis doe't de fakkels út it Vitesse-fak rjochting de Ljouwerter tribunes fleagen.
Skiedsrjochter Van den Kerkhof lei de wedstriid stil. Doe't de rêst werom wie, rôle de bal sa'n sân minuten letter wer.
Dêrnei wie it bêste wol fan it spul ôf. Fiif minuten foar de ein fan de wedstriid makke Ichem Ferrah de 2-1 foar de Ljouwerters.
Wer fjoerwurk út it Vitesse-fak
Grut feest oan de kant fan Cambuur, mar by Vitesse waarden fuortendaliks wer fakkels ôfstutsen en rjochting de Cambuur-oanhang smiten.
Dêrnei waard it duel wer stillein en moast de lokale trijehoek in beslút nimme oer de wedstriid. Dat duorre lang, in healoere letter kaam it berjocht dat de wedstriid net útspile wurde soe.
De lêste minuten fan de wedstriid wurde net mear útspile, makke it kompetysjebestjoer fan de KNVB nei ôfrin bekend.
Nei de wedstriid begûn de huldiging fan de âld-spilers, fan algemien direkteur Ard de Graaf en trainer Henk de Jong.
Lês hjir it bloch oer de wedstriid: