Mark Diemers mist net twa kear op rige: "Je kunt er eentje missen, maar dan moet de knop om"
In miste strafskop: dêr meist efkes fan bale, mar by de folgjende moatst der gewoan wer stean. Mei dy gedachte skeat oanfierder Mark Diemers Cambuur yn de lêste minút nei in 1-1 lykspul tsjin FC Den Bosch.
"Als de keeper 'm pakt, is het een slechte penalty", seit Diemers. Yn de achtste minút lei skiedsrjochter Richard Martens de bal op de stip nei't Ichem Ferrah ûnderút helle waard.
Diemers skeat de bal yn de hannen by keeper Pepijn van de Merbel, dy't in hiel aardige wedstriid keepte.
De miste penalty hie Cambuur yn de goeie rjochting helpe moatten, seit Diemers. "We moeten natuurlijk op voorsprong komen met die penalty van mij."
"Maar we krijgen nog twee, drie grote kansen en die moeten we ook maken."
De twadde poging fan Mark Diemers wie wol raak
Krekt nei it skoft makke FC Den Bosch de 1-0 troch Jack de Vries. "Op basis van de tweede helft waren zij iets sterker, maar het is lekker dat wij op het eind nog gelijk maken."
Wer mocht Diemers it fan alve meter besykje nei't Danyello Look yn blessueretiid in skop krige.
"Op m'n twintigste was ik nerveus geweest, nu pak ik de bal en vertrouw op m'n trap. Ik weet dat ik niet twee keer op rij mis."
Ichem Ferrah woe de twadde bal noch efkes opeaskje, mar Diemers wie resolút: "Die heb ik weggestuurd. Je kunt een keer een penalty missen, maar dan moet de knop snel om."
Nije haadtrainer wol Mark Diemers graach by Cambuur hâlde
Oanfierder Mark Diemers kaam dizze wike in soad yn it nijs fanwegen kontraktproblemen. Syn kontrakt rint ôf en it is noch mar de fraach oft der ferlinging komt.
It oanbod dat Cambuur de oanfierder dien hat fan in jier, befalt him net. Hy wol langer bliuwe.
"Ik wil een gentleman blijven", seit Diemers, as hy wer nei de situaasje frege wurdt. "Ik heb twee jaar geprobeerd een waardig aanvoerder te zijn bij deze club, ben een uithangbord voor Cambuur."
"Ik ga niet met modder gooien, heb aangegeven hoe het zit. Ik vind dat dat mag richting de mensen die op de tribune zitten en mij een warm hart toedragen.
"Nu kan de media proberen wat ze willen; ik ga er niet veel meer woorden aan vuil maken. Ik heb mijn eigen gedachtes, gedachtes waarvan ik denk dat ze terecht zijn."
Diemers hie dizze wike al wol in petear mei Johan Plat, de nije haadtrainer. En dy wol him der graach by hâlde.
De oanfierder hat noch net wer sprutsen mei technysk manager Lars Lambooij.
Wylst elkenien yn Den Bosch lulk wie oer de penalty yn de einfaze, fûn de oanfierder it in terjochte útslach.
Ek haadtrainer Henk de Jong koe him dêr wol yn fine. "De sjeu wie werom", fynt de Drachtster.
"Yn de twadde helte wienen der in pear dy't mei in muoilik gesicht rûnen, dêr fûn ik wol wat fan en dêr ha wy it nei de wedstriid ek efkes oer hân."
Mei wille fuotbalje
De sjeu dy't De Jong seach, wie neffens him wichtich yn de promoasje fan Cambuur. "Dêrom binne wy promovearre. Dan is it goed goed dat wy in punt pakke, dan giest mei in punt nei hûs en kinne wy de lêste wedstriden lekker fuotbalje."
Henk de Jong sjocht werom op de wedstriid tsjin FC Den Bosch
Troch de 1-1 en it puntferlies is de titel wol definityf foar ADO Den Haag. Dêr gie it feest freed nei ôfrin fan it fluitsinjaal yn Den Bosch los.
ADO moat sels snein fuotbalje, mar kin net mear ynhelle wurde.
"Sy binne terjochte kampioen wurden", seit De Jong. "Wy hawwe it in stik dreger hân, spylje super-oanfallend en dat is net altyd goed."
"Wy hawwe it knap dien, dat moatte we deryn hâlde."
Noch twa wedstriden
De Graafschap út en Vitesse thús, dan sit de trainerskarriêre fan De Jong der op. Twa prachtige wedstriden, wêr't de Drachtster bot nei út sjocht. "It kin net moaier, dat hat de kompetysjelieder goed dien."
"Dat binne geweldige tsjinstanners. De Graafschap is altyd prachtich, dêr haw ik noch in ferline. En Vitesse is ek in prachtige klup."
Lykas FC Den Bosch spylje beide ploegen noch foar in plak yn de play-offs. "Wy moatte noch twa kear oan de bak en dat is moai. Foar de tsjinstanner stiet der noch in soad op it spul."