Liveblog | 10 april

Lês werom: Twadde strafskop fan Mark Diemers wol raak: Cambuur spilet 1-1 tsjin FC Den Bosch

It seach der lang min út foar SC Cambuur, mar dochs namen de Ljouwerters in punt mei út Den Bosch. It waard 1-1. Lês hjir it bloch oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 10 april, 22:00
22:00

Twadde strafskop fan Mark Diemers giet der wol yn: Cambuur spilet 1-1 tsjin FC Den Bosch

De twadde penalty gie der wol yn foar Mark Diemers
© Dijks Media
Foar de tredde kear op rige is SC Cambuur der net yn slagge om te winnen. Yn Den Bosch waard it yn ekstremis 1-1.
Yn de allerlêste minút fan de wedstriid makke Mark Diemers de lykmakker út in penalty.
In kurieus momint, want der like net in soad oan 'e hân doe't Danyello Look lizzen gie yn it strafskopgebiet.
Diemers skeat de bal hurd binnen nei't hy yn de achtste minút ek al de kâns krige fan alve meter.
Doe pakte keeper Van de Merbel fan Den Bosch de bal fan Diemers, dy't net bepaald oertsjûgjend wie.
De penalty wie in skoft it iennige wapenfeit fan Cambuur, dat wol kânsen krige mar net ta skoaren kaam.
De thúsploech wie oan de oare kant wol effektyf, benammen oan it begjin fan de twadde helte: Jack de Vries skeat de 1-0 hurd binnen efter Thijs Jansen.
It like der lang op dat Cambuur opnij ferlieze soe, mar de oanfierder fan de Ljouwerters werstelde syn flater en skeat raak.
It puntferlies fan Cambuur betsjut wol dat ADO Den Haag kampioen is fan de Keuken Kampioen Divisie. De Hagenaren komme sels snein pas yn aksje.
21:54

It is dien yn Den Bosch: Cambuur yn ekstremis nei 1-1 tsjin FC Den Bosch

In grut fluitkonsert fan it publyk, de penalty wie diskutabel...
It is dien: 1-1 yn Den Bosch.
21:52

90+4' GOAL SC CAMBUUR!

Dizze kear makket Mark Diemers de kâns wol en dêrmei rêdt hy it punt foar de Ljouwerters.
21:50

90+3' Noch in penalty foar Cambuur!

Mees Laros leit syn man Danyello Look del en Richard Martens leit de bal wer op de stip.
21:50

90+2' Frije traap fan Mark Diemers

Dy bal einiget yn de muorre.
21:49

90+1' Fjouwer minuten ekstra

De kopbal fan Apkakou wurdt pakt troch Van de Merbel.