Cambuur spilet 1-1 tsjin FC Den Bosch nei lette lykmakker fan Mark Diemers
Foar de tredde kear op rige is SC Cambuur der net yn slagge om te winnen. Yn Den Bosch waard it yn ekstremis 1-1.
Yn de allerlêste minút fan de wedstriid makke Mark Diemers de lykmakker út in penalty.
In kurieus momint, want der like net in soad oan 'e hân doe't Danyello Look lizzen gie yn it strafskopgebiet.
Diemers skeat de bal hurd binnen nei't hy yn de achtste minút ek al de kâns krige fan alve meter.
Doe pakte keeper Van de Merbel fan Den Bosch de bal fan Diemers, dy't net bepaald oertsjûgjend wie.
De penalty wie in skoft it iennige wapenfeit fan Cambuur, dat wol kânsen krige mar net ta skoaren kaam.
De thúsploech wie oan de oare kant wol effektyf, benammen oan it begjin fan de twadde helte: Jack de Vries skeat de 1-0 hurd binnen efter Thijs Jansen.
It like der lang op dat Cambuur opnij ferlieze soe, mar de oanfierder fan de Ljouwerters werstelde syn flater en skeat raak.
It puntferlies fan Cambuur betsjut wol dat ADO Den Haag kampioen is fan de Keuken Kampioen Divisie. De Hagenaren komme sels snein pas yn aksje.
Lês hjir alles werom oer de wedstriid: