Omrop Fryslân

Foar Sebastian (20) is race sûnder remmen op iis hiel gewoan: "It is krekt sa as fuotbaljen"

Sebastian Reitsma yn aksje
© Martin de Jong
Ronkjende motoaren ferfange de glidende izers dit wykein op it iis fan Thialf op It Hearrenfean. It iisstadion is trije dagen lang it toaniel fan it WK iisspeedway.
Ien fan de dielnimmers is de 20-jierrige Sebastian Reitsma fan De Westhoek. Freed is er al op Thialf om trainingsrûntsjes te riden, want jûns stiet earst de Roelof Thijs Bokaal op it programma.
Ferline jier wist Reitsma dy race op syn namme te skriuwen, dus dit jier moat er syn titel ferdigenje. De senuwen begjinne al wat op te spyljen, fertelt er.
"Se begjinne no al aardich op te kommen, moat ik sizze. Yn 'e auto foel it noch wol mei, mar no bin ik hjir en sjoch ik elkenien wer. Dan begjint it wol wer te kommen."
Foar Sebastian (20) is race sûnder remmen op iis hiel gewoan: "It is krekt sa as fuotbaljen"
It is in thúswedstriid foar de Fries en dat makket it ekstra spannend, mar it jout him ek wol enerzjy dat er de baan sa goed kent.
"It is hartstikke moai dat jo hjir op de thúsbaan ride meie, mar jo hawwe wol in protte freonen en famylje op de tribune sitten. Dat jout wol wat spanning mei."
Reitsma ferwachtet dat dy spanning wat fuortsakje sil as er op de baan stiet. "As jo nei de earste start ienkear de baan op ride, dan giet it wol wer. Mar it bliuwt altyd wol by dy hingjen."
Sebastian Reitsma by in eardere edysje fan de Roelof Thijs Bokaal
© Omrop Fryslân
IIsspeedway is miskien wol ien fan de meast spektakulêre sporten om te sjen en te dwaan. De measte minsken moatte der net oan tinke om mei 120 kilometer de oere troch de bocht te gean op in motor sûnder remmen.
Mar foar Reitsma is it yntusken de normaalste saak fan de wrâld. Benaud is er perfoarst net. "Ast der ienkear oan wend bist, dan hast dêr gjin lêst mear fan. It wurdt in gewoante en tinkst der net mear oer nei. It is krekt sa as fuotbaljen", seit er nochter.
Hy fynt it foaral prachtich om te dwaan. "Dat je gewoan sa hurd troch in bochtsje gean, sûnder rem derby. Dy kick is net te beskriuwen, yn gjin inkele oare motorsport."

Trainingswike yn Sweden

Reitsma wol ek graach oaren entûsjast meitsje foar de sport. Dit seizoen hat er in trainingswike hân yn Sweden mei acht Nederlânske motorsporters.
"Allegear jonges dy't noch nea op in iisracer riden ha", fertelt er. "Dy hawwe in wike riden en se fûnen it prachtich moai. En der binne no ek in pear dy't yn de Roelof Thijs Bokaal ride, dus dat is hartstikke moai fansels."

IIsspeedway yn Thialf

Trije dagen lang stiet der iisspeedway op it programma yn Thialf op It Hearrenfean. Freedtejûn begjint it mei de Roelof Thijs Bokaal, sneon is it WK yndividueel en snein wurdt it WK foar lannenteams ferriden.
Der dogge 24 koereurs út binnen- en bûtenlân mei. Sebastian Reitsma is net de iennige Fries dy't oan de start ferskynt. Broer en sus Leon (23) en Amber (21) Kramer, dy't yn Sweden wenje, dogge ek mei.
Foar leafhawwers is der oerdeis by it iisstadion it SpeedwayPlein mei muzyk, snacks en drinken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.