Stikkene skouder, triennen en mei 120 km/oere troch Thialf: "Wát in sport!"
Der bliuwt net folle oer fan it iis fan Thialf. Mei 120 km/oere fleane motorriders der oerhinne.
"Dit is echt de wedstriid dêr't wy al it hiele jier nei útsjogge," seit Sebastian Reitsma fan De Westhoek. Hy makket syn motor klear foar de race.
"It binne allegearre ynternasjonale dielnimmers en no mei ik op eigen grûn ride. Der is neat moaier as race op eigen iis."
Jierliks evenemint
It evenemint begjint altyd mei de Roelof Thijs Bokaal. Roelof Thijs wie in ferneamde motorcrosser.
Net elkenien bliuwt oerein op it iis fan Thialf
De iisspeedway wurdt al jierren hâlden oan de ein fan it iisseizoen yn Thialf. Motorriders moatte op it iis fjouwer rûntsjes sa gau as mooglik ôflizze. Dat giet mei in flinke gong.
"Der is neat wat sa moai is as dy kick fan de snelheden", seit Reitsma.
De twa meter lange Reitsma pakt syn motor yn 'e hân en rint nei de keuring, dy't bûten plakfynt. Dêr wurdt sjoen nei de lingte fan de spikes om de bannen en oft it deademanskoardsje wol goed sit.
Net benaud wêze
Dat koard ha riders om 'e hannen en kinne se oanlûke as it mis giet. Yn dat gefal falt de motor út en nimt de ympakt fan de crash ôf. "Je moatte net te benaud wêze, want dan giet it faak ferkeard."
Der dogge dit jier twa Friezen mei, neist Reitsma ek Leon Kramer. Dy wennet no alwer sa'n fiif jier yn Sweden, mar is hikke en tein yn Aldeholtpea.
"Ik leerde racen in Zweden door mijn buurman van 82. Die had nog een oude motor in zijn schuur staan en die kreeg ik. In Zweden ga je dan al vlug het ijs op en ben je gelijk verkocht. Ik doe voor de lol mee en zie wel hoe ver ik kom."
Oan de race dogge sechstjin dielnimmers mei en sy ride fjouwer wedstriden mei eltse kear fjouwer riders. Noaren, Tsjechen, Sweden en Britten, út de hiele wrâld wei komme se dit wykein nei Thialf ta.
Kramer wint syn earste wedstriid, mar falt yn de fjirde. De skouder is út de kom nei't in oare motor heal oer him hinne rydt.
"Mijn schouder heb ik teruggezet en ik heb nergens last van. Maar toen mocht ik doorrijden op de motor van iemand anders en dat ging niet goed. Ik raakte de boarding en ben gediskwalificeerd."
Ik bin der stil fan. Hjir dogge wy it allegear foar. It is dy spanning yn de wedstriid en dan alles derút helje.
Foar Reitsma ferrint de wedstriid in hiel stik better. Hy wurdt twadde efter Jasper Iwema fan Hooghalen en is út de skroeven mei dy priis.
Wylst hy huldige wurdt op it binnenterrein fan Thialf, stiet Reitsma mei de beker yn de hannen. "Ik bin der stil fan", seit de Westhoeker, wylst hy mei de triennen yn de eagen nei syn trofee sjocht.
"Hjir dogge wy it allegear foar. It is dy spanning yn de wedstriid en dan alles derút helje. Ik bin sa bliid... Wát in sport!"
De iisspeedway duorret it hiele wykein. Der binne ek races foar it wrâldklassemint.