Omrop Fryslân

WK iisspeedway yn Thialf giet net troch fanwege hege enerzjyprizen

WK iisspeedway yn 2019
© Orange Pictures
Der komt dit jier gjin WK iisspeedway yn Thialf op It Hearrenfean. Troch de hege enerzjyprizen slagget it de organisaasje net om it evenemint trochgean te litten.
It WK iisspeedway stie fan 31 maart oant en mei 2 april op it programma. Dêr giet no dus in streek trochhinne. "We hebben anderhalve maand op een antwoord van Thialf moeten wachten, maar de energiekosten lopen zo hoog op, dat we dat simpelweg niet kunnen betalen", seit Erik Hoekstra fan de organisearjende Motorclub Assen tsjinoer RTV Drenthe.
De Fryske iisspeedwayer Sebastian Reitsma is bot teloarsteld oer it ôfsizzen fan it toernoai. "Dat je yn Sweden en Finlân ride kinne, is hartstikke moai, mar dit wie thús: eltsenien is derby, famylje, freonen; dat hawwe je yn Sweden en Finlân net. Thús goed prestearje is fansels folle moaier."
WK iisspeedway yn Thialf giet net troch fanwege hege enerzjyprizen
Neffens direkteur Minne Dolstra koe Thialf net oars as de enerzjyprizen trochberekkenje oan de organisaasje. "Wy sille de rekken ek betelje moatte en as we wedstriden ûnder de priis ferkeapje, wurdt dat lestich. Dan komme we sels net út."

Kosten foar WK twa ton

De enerzjykosten foar it WK soenen neffens Dolstra op sa'n twa ton lizze. "Wy fine alle iissporten hartstikke moai, mar it kin net sa wêze dat Thialf oan de ein fan de rit syn eigen rekken net betelje kin."
Yn it kontrakt dat Thialf mei de iisspeedwaybûn hie, stie in ûntbinende faktor. Dêr hat Thialf gebrûk fan makke. "Op basis fan de enerzjyprizen fan nei 1 jannewaris hawwe wy in nije kostpriis makke. Dy is te heech. Wy kinne sûnder kosten te meitsjen ûntbine. We fine it wol hiel ferfelend, mar de partij wie op de hichte en we hawwe ôfpraat om te sjen oft we it takom jier dochs wer op It Hearrenfean dwaan kinne."
Yn 2020 en 2021 gie it evenemint ek net troch. Doe wie dat fanwege de coronakrisis. De organisaasje hopet it WK iisspeedway yn 2024 wol wer hâlde te kinnen.

Ynternasjonaal probleem

It NK en WK ôfstannen sille wol trochgean yn Thialf. Dêrnei wurdt ynventarisearre wat de programmearring dan noch hawwe kin. "It kin betsjutte dat dielen fan de banen bygelyks sluten wurde. Op it momint dat wy ús masines út sette, giet ús enerzjyferbrûk enoarm nei ûnderen", ferklearret Dolstra.
Thialf is net de iennige iisbaan dy't lêst hat fan de hege enerzjyprizen. Yn Nederlân falle iisbanen net ûnder in kompensaasjeregeling dêr't swimbaden bygelyks wol ûnder falle. Mar ek bûten de lânsgrinzen binne der problemen.
"Yn Inzell betellet betellet it departemint de enerzjyrekken. Dêr hawwe se wol de betingst makke dat de temperatuer fan it iis heger wêze moast en dat betsjutte doe dat de topsporters út Nederlân dêr doe fuortgien binne, want de kwaliteit foldie net oan de easken fan de topsport", seit Dolstra.
Yn it Noarske Hamar is dit wykein it EK allround en sprint. It wie lang ûnwis oft dat toernoai wol trochgean koe, seit ferslachjouwer Andor Faber. "Yn Noarwegen spylje deselde problemen mei de hege enerzjyprizen. It Noarske reedrydbûn hat twivele oft se it toernoai weromjaan moasten. Uteinlik is der finansjele stipe kaam en dus koe it stadion iepen bliuwe, al wienen der al plannen makke om fan it iisstadion in indoor fuotbalhal fan te meitsjen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.